Springe nei ynhâld

Jaap Hartman

Ut Wikipedy
De ferzje fan 14 okt 2020 om 20.34 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Jacques (Jaap) Hartman (Woudrichem, 27 maaie 1950) is in Nederlânsk byldhouwer.

Hartman folge opliedingen oan de Akademy fan Byldzjende Keunsten yn Rotterdam en oan de Ryksakademy fan Amsterdam.[1] Hy makke fral figuratyf wurk yn brûns.

Hartman is de inisjatyfnimmer fan de Stedsgalery Woudrichem. In inisjatyf, dat yn 2002 troch de gemeente Woudrichem beleanne waard mei de Kultuerpriis 2002. De stedsgalery is in kultureel sintrum yn de eardere kazerne fan Woudrichem. Der wurde ferskate kulturele aktiviteiten holden en ek kin der keunst liend wurde.

It byld dat Hartman makke fan de seefarder Hindrik Hamel, dy't brek sloech foar de kust fan Koreä en dêr trettjin jier fêstsiet, is ek te sjen yn de partnerstêd fan Gorinchem yn Koreä, Gangjin.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jaap Hartman
  2. Gorinchem
  3. Oorlogsmonument Woudrichem
  4. Hendrick Hamel