Springe nei ynhâld

De Tynje (Ljouwert)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 13 okt 2020 om 13.46 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

De Tynje is in feart yn de gemeente Ljouwert. De feart leit by de jachthaven yn de stêd Ljouwert. De feart stiet op de noardein yn ferbining mei it Nije Kanaal by de âlde finzenis en troch de Wide Greons is nei it suden in ferbining mei it Van Harinxmakanaal. Fan de súdein fan De Tyne rint De Potmarge nei it westen.

De namme De Tynje jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Tijnje.