De Tynje (Ljouwert)

Ut Wikipedy

De Tynje is in feart yn de gemeente Ljouwert. De feart leit by de jachthaven yn de stêd Ljouwert. De feart stiet op de noardein yn ferbining mei it Nije Kanaal by de âlde finzenis en troch de Wide Greons is nei it suden in ferbining mei it Van Harinxmakanaal. Fan de súdein fan De Tyne rint De Potmarge nei it westen.

De namme De Tynje jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Tijnje.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]