Govert Bidloo
Govert of Govard Bidloo (Amsterdam, 12 maart 1649 – Leien, 30 maart 1713) wie in sjirurgyn, anatoom, liifdokter, heechlearaar, skriuwer fan toanielwurk en librettist.
De earste opera op Nederlânske tekst, op de Zinspreuk, Zonder Spys en Wyn, Kan geen Liefde zyn mei libretto fan Govert Bidloo, is op muzyk set troch Schenk. Mooglik wie it in sjongspul. De premiêre wie yn 1686 yn de Amsterdamske skouboarch. Bidloo moast it ûntjilde, fanwege de heidenske tafrielen, en krige in protte krityk.
Genêshear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bidloo promovearre op 8 maaie 1682 oan Universiteit fan Frjentsjer. Yn 1688 waard er lektor yn de anatomy yn Den Haach. Yn 1690 waard er militêr arts en haad fan de genêskundige tsjinst, trije jier letter ek yn Ingelân. 1694 wie it jier dat Bidloo heechlearaar anatomy en sjirurgy te Leien waard oant er yn 1701 troch kening Willem III nei Londen helle waard om syn liifdokter te wurden. De steedhâlder-kening stoar yn Bidloo's earmen, of yn dy fan Hans Willem Bentinck. Yn 1702 waard er op 'en nij heechlearaar yn Leien, wêr't er stoar op 30 maart 1713. Bidloo is opfolge troch Herman Boerhaave.
Nicolaes Bidloo, syn soan, waard yn 1702 liifdokter fan Peter de Grutte. Bidloo frege fanwege syn minne sûnens om net mei te hoegen op de tsaar syn fjildtochten. Krekt as syn heit hie er in soad ferstân fan muzyk en toaniel. Yn it troch him stifte legerhospitaal fan Moskou waarden de earste wrâldske toanielstikken fan Ruslân útfierd.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Anatomia Humani Corporis (Ontleding des menschelyken lichaams), Amsterdam 1685. In doe fernijende anatomyske plateatlas mei prachtich moaie tekenings fan Gerard de Lairesse.
Hy skreau ek gedichten en toanielstikken, dy't nei syn dea samle binne en yn trije dielen útjûn binne.
- Tooneelpoëzy, Leiden 1719, de treurspullen:
- De brandt van Trojen;
- Semiramis;
- Karel, Erfprins van Spanje, Amst. 1679; (dit wurk is jierrenlang yn de stêdsskouboarch yn Amsterdam útfierd)
- Fabius Severus, 1680, en
- de Dood van Pompejus, naar 't fr. van Corneille, 1684.
- de Sinne-, blij- en foarspullen:
- Comma, Punctum en Parentesis of de Muyterij en
- Nederlaag van Midas of Koning Onverstand, zinnesp.:
- de prachtige minnaar, blijspul
- Ariadne, sjongspul
- Opera op de zinspreuk: Zonder Spijs en Wijn, Kan geen Liefde zijn;
- Vertooningspel op den Vreede;
- Het zeegenpraalende Oostenrijk of Verovering van Ofen;
- Voorspel bij Vondels Faëton;
- Voor-, tusschen- en naspel bij Vondels Salmoneus.
Hy skreau ek de tekst by de plateboeken:
- Komst van Zijn Majesteit Willem III in Holland, 's-Hage 1691 en
- Verhaal der laatste ziekte en overlijden van Willem III, Leien 1702.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ingelsktalige side oer it anatomysk wurk
- Komst fan Willem III
- List mei toanielwurk
- Brieven fan Tamtearre Apostels
- Godefridi Bidloo, Medicinae Doctoris & Chirurgi, Anatomia Hvmani Corporis: Centum & quinque Tabvlis Per artificiosiss. G. De Lairesse ad vivum delineatis, Demonstrata, Veterum Recentiorumque Inventis explicata plurimisque, hactenus non detectis, Illvstrata 105 illustraties. Amsterdam 1685