Springe nei ynhâld

Poppiussleat

Ut Wikipedy
De ferzje fan 12 okt 2020 om 16.33 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

De Poppiussleat is in feart yn de gemeente It Hearrenfean. De feart rint noardwest fan Akkrum by de Terherster Dyk en de Nije Wjittering (ûnderdiel fan it Prinses Margrietkanaal) lâns. De Poppiussleat rint fan de Ljouwerter Strjitwei nei it Slachtegat benoarden Jinshuzen.

De namme Poppiussleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Poppiussloot.