Springe nei ynhâld

Nije Feart (Appelskea)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 12 okt 2020 om 16.23 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

De Nije feart (Stellingwerfsk en offisjeel: Ni'je Vaort) is in feart yn de gemeente Eaststellingwerf. De feart rint fan de Earste Wyk yn Appelskea nei it easten oant de Dwerswyk. De Nije Feart rint noardlik bylâns de Opsterlânske Kompanjonsfeart. Oan de noardside rinne de Earste Wyk oant en mei de Alfde Wyk nei de Kompanjonsbosken.

De namme Ni'je Vaort jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Nieuwe Vaart.