Springe nei ynhâld

Sljochtsinnigens

Ut Wikipedy
De ferzje fan 12 okt 2020 om 12.21 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Gekkehûs, in skilderij fan Francisco Goya (1812-1819).

Sljochtsinnigens, dwylsinnigens, kranksinnigens of gekte (ek sljochtsinnichheid, dwylsinnichheid of kranksinnichheid) is in ferâldere, ûnwittenskiplike term út 'e genêskunde. De oantsjutting waard foarhinne brûkt foar geastlike beheinings en alle oandwanings mei in psychiatrysk syktebyld dy't laten ta ôfwikend hâlden en dragen. De letterlike betsjutting fan 'e termen ferwiist nei de 'sinnen', in âlde term foar de geast of it ferstân (lykas yn: "net goed by sinnen wêze"). "Sljocht-" wol sizze dat de sinnen net goed ûntwikkele wiene; "dwyl-" ferwiist nei dwyljen, dat men docht as men hege koarts hat; en "krank-" is in âld wurdt foar "siik".

Sljochtsinnigens die him foar as it jin net hâlden oan algemien jildende noarmen en wearden. Soks koe ferbân hâlde mei geweld tsjin oaren of jinsels, mar ek mei folle ûnskuldiger foarmen fan hâlden en dragen. Men ornearre yn it ferline dat der trije oarsaken wiene fan sljochtsinnigens. Lichaamlik koe der in ymbalâns yn 'e ferhâlding tusken de lichemssoppen ûntstien wêze. As de oarsaak geastlik wie, waard yn it foarste plak tocht oan besetting troch in kweageast. Eventueel koe it ek lizze oan geastlike feravensearring troch tefolle eangst, tefolle fertriet of te hurd wurkjen.

Dokters út eardere tiden, de saneamde sjirurginen, ûnderskaten ferskillende soarten sljochtsinnigens, lykas frenesis (mei as symptomen it útslaan fan wartaal en hege koarts); insania (many of melankelikens), moannesykte (no bekend as epilepsy) en hystery. As it om in gefal fan geastlike besetting gie, wie de gongbere remeedzje eksorsisme. Foar oare geastlike en fral foar lichaamlike foarmen fan sljochtsinnigens namen sjirurginen foar behannelmetoaden almeast de taflecht ta ierlitten of 'purgearjen' (it jaan fan in klysma, d.w.s. it leechmeitsjen fan 'e terms troch it ynspuitsjen fan wetter). Ek liet men de pasjint wol switte, dompele men him of har ûnder yn kâld of hjit wetter of waarden eigengearstalde drankjes of salfkes foarskreaun. Hiel apart wie it saneamde balstiensnijen, wêrby't in kwaksalver in plassetrepanaasje útfierde (it boarjen fan in gat yn 'e plasse), dêr't er dan sabeare in balstien úthelle dy't er yn 'e hân ferburgen holden hie. (Dêr binne in protte skilderijen fan oerlevere.) Fral by lju út hegere maatskiplike klassen waard ek rêst, muzyk of lichaamlik wurk foarskreaun.

Sljochtsinnigen makken yn earder tiden soms diel út fan in sosjale mienskip, bygelyks as 'doarpsgek', wêrby't se har dan oer it algemien ûnderoan de maatskiplike ljedder befûnen en faak bleatstiene oan narjen en mishanneling. As in sljochtsinnige earne net winske wie of as er wat syn hâlden en dragen oangie net te hanthavenjen wie, dan koed er ek opnommen wurde yn in gekkehûs of gesticht. Ut sokke ynstellings ûntjoech him yn 'e njoggentjinde iuw it psychiatrysk sikehûs, mar iuwenlang wie it net mear as in soarte fan finzenis, dêr't ûnwinske geastlik sike lju ûnder faak abominabele omstannichheden út it sicht fan 'e gewoane minsken holden waarden. It kaam ek foar dat sljochtsinnigen troch harren famylje, fanwegen it sosjaal stigma dat oan sa'n oandwaning klibbe, ferburgen holden waarden foar maatskippij, bgl. troch opsletten te wurden yn in kelder, op in souder of yn in hok (In bekend gefal fan soks wie it lot fan Anna fan Saksen, de twadde frou fan Willem fan Oranje). Soms waarden sokke lju sels troch de eigen famylje ombrocht.

Neigeraden dat him oan it begjin fan 'e tweintichste iuw de moderne psychiatry ûntjoech, dy't ûnderskie makke tusken ferskillende syktebylden, rekken termen as 'sljochtsinnich', 'gek' en 'net goed by de holle' yn wittenskiplike fermiddens yn ûnbrûk. Wol bleaune se gongber yn 'e sprektaal, bgl. as skelwurd, mar ek as ûnsekuere oantsjutting foar geastlike oandwanings troch leken.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.