Springe nei ynhâld

Dwarsmear

Ut Wikipedy
De ferzje fan 10 okt 2020 om 17.43 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

It Dwarsmear is in feart yn de gemeenten Dongeradiel en Ferwerderadiel. De Dwarsmear rint noardeastlik fan Lichtaard en is in súdwest-noardeast rinnend stik fan de Holwerter Feart. De Holwerter Feart makket foar De Mear, op de gemeentegrins fan Dongeradiel en Ferwerderadiel, mei in knik nei it noardeasten. It stik nei De Mear is it begjin fan de Blijer Feart. De Dwarsmear stiet dus dwers op de rjochting fan de Holwerter Feart.

Mear is in âld wurd foar skiedingssleat en komt ek yn Grinslân in protte foar.

De namme Dwarsmear jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Dwarsmeer.