Arthur Wynne
Arthur Wynne (, Ingelân, 22 juny 1871 – Clearwater, Florida, 14 jannewaris 1945) wie de útfiner fan de earste krúswurdpuzel yn 1913.
Libben en wurk
Arthur Wynne waard berne yn it Ingelske Liverpool en wenne in skoft op Edge Lane. Syn heit wie redakteur fan de pleatslike krante Liverpool Mercury.[1] Arthur emigrearre op 6 juny 1891 nei de Feriene Steaten en wie doe 19 jier âld. Dêr fêstige hy him in skoft yn Pittsburgh, Pennsylvania. In Pittsburgh wurke hy by de krante Pittsburgh Press en spile fioele yn it Pittsburgh Symphony Orchestra. [2] Letter ferhuze hy nei New York City en wurke dêr by de krante New York World. Letter ferfear er nei Cedar Grove yn New Jersey. Doe’t him op in dei frege waard om in nij spul foar de krante te betinken, tocht Wynne oan in spul dat hy yn syn bernetiid spile hie en dat Magic Squares neamd waard. Al gau er it útwurke ta in krúswurdpuzel. De earste puzel waard op 21 desimber 1913 publisearre yn de World.
Wynne makke de side mei puzels foar it gedielte 'Fun' fan de sneinsedysje fan de New York World. Foar de edysje fan 21 desimber 1913 yntrodusearre hy in puzel mei in rútfoarm en in leech sintrum, de letters FUN stiene al ynfold. Hy neamde it in "Word-Cross-puzzle".[3]
Hoewol’t de útfining fan Wynne basearre wie op eardere puzelfoarmen, lykas it wurd diamant, yntrodusearre hy in tal ynnovaasjes (bygelyks it brûken fan horizontale en fertikale linen om hokjes te meitsjen dêr’t de letters yn setten wurde koene). Hy pionierde dêrnei mei swarte fjouwerkanten yn in symmetryske opstelling om wurden yn rigen en kolommen te skieden. Utsein it nûmeringsskema wurdt Wynne syn foarm fan "Word-Cross"-puzels noch altyd brûkt foar moderne krúswurdpuzels.
In pear wiken neidat it earste "Word-Cross" ferskynde, waard de namme fan de puzel feroare yn "Cross-Word" troch in setflater. De puzels fan Wynne steane sûnttiids bekend as 'krúswurdpuzels'. Yn 1924 ferskynde syn earste krúswurdpuzelboek.
Arthur Wynne waard yn de jierren 1920 in Amerikaansk steatsboarger. Op 20 desimber 2013 waard hy eare mei in ynteraktieve Google Doodle as betinking fan de "100ste jierdei fan de earste krúswurdpuzel middels in puzel fan Merl Reagle. [4] Ek in soad oare konstrukteurs makken earbetoanpuzels om de jierdei te betinken.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|