Cheyenne (rivier)
Cheyenne | ||
In útsjoch op 'e Cheyenne fanôf de autowei Interstate 90, by Wasta (Súd-Dakota). | ||
geografy | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Wyoming Súd-Dakota | |
ûntspringt yn | gearrin Antelope Creek en Dry Fork Creek | |
lokaasje boarne | Converse County | |
mûnet út yn | Missoery (rivier) | |
lokaasje mûning | Oahe-mar | |
plakken | Edgemont, Oral, Wasta | |
sydstreamen | Rapid Creek, Belle Fourche, Cherry Creek | |
sifers | ||
lingte | 475 km | |
ôfwetteringsgeb. | 62.800 km² |
De rivier de Cheyenne (útspr.: [ʃɨ'jɛ:n]) is in likernôch 475 km lange sydstream fan 'e rivier de Missoury, yn it westen fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota en it easten fan 'e steat Wyoming, dy't in gebiet fan krapoan 63.000 km² ûntwetteret.
Rin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rivier wurdt foarme troch it gearstreamen fan 'e rivierkes de Antelope Creek en de Dry Fork Creek yn it Nasjonaal Gerslân Thunder Basin, yn it noardeastlike diel fan Converse County, yn 'e steat Wyoming. Dêrwei streamt de Cheyenne, dy't ferneamd is nei it Yndiaanske folk fan 'e Sjajinnen (Ingelsk: Cheyenne), yn eastlike rjochting oer de grins fan Súd-Dakota, it stedsje Edgemont foarby en oan 'e súdlike kant om 'e Black Hills hinne.
Dan floeit de rivier nei it noardeasten, it stedsje Oral en it Nasjonaal Gerslân Buffalo Gap foarby en by de noardwestlike grins fan it Pine Ridge Yndianereservaat en it Nasjonaal Park de Badlands lâns. Dêr mûnet de Rapid Creek deryn út. De Cheyenne streamt dêrnei it stedsje Wasta foarby, waakst oan troch de gearfloeiïng mei de Belle Fourche, yn it easten fan Meade County, en hâldt dan in eastnoardeastlike koerts oan by de súdlike grins fan it dernei neamde Cheyenne River Yndianereservaat lâns. By it stedsje Cherry Creek mûnet it rivierke de Cherry Creek deryn út, krekt foàr it punt dêr't de Cheyenne sels by de Oahe-kearmar útmûnet yn 'e Missoury, sa'n 50 km noardnoardwestlik fan Pierre, de haadstêd fan Súd-Dakota. De lêste 56 km foarmet de Cheyenne ien fan 'e beide earms fan 'e Oahe-mar.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|