Springe nei ynhâld

Bundesautobahn 29

Ut Wikipedy
De ferzje fan 10 sep 2020 om 13.50 troch PieterJanR (oerlis | bydragen) (Correctie)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Bundesautobahn 29
Langte: 94,5 km
Kaart

De Bundesautobahn 29 (koartwei A29) is in Dútske Autobahn dy't Wilhelmshaven mei de A1 by Ahlhorn ferbynt. UNderweis slút by Aldenburch de A28 oan op de A29.

De A29 by Ahlhorn as needlanningsplak by de NAFO-oefening "Highway 84"

De A29 is meast as fjouwerstrookswei útfierd, en wurdt benoarden fan Oldenburg net folle brûkt. Mei de bou fan it JadeWeserPort yn Wilhelmshaven wurdt lykwols in flinke taname fan t ferkear op de A29 ferwachte.

Op it súdlike gedielte fan de A29 wie tusken de ôfritten Großenkneten en Ahlhorn oant oktober 2006 in saneamde Autobahn-Notlandeplatz (in gedielte autosnelwei dat yn relatyf koarte tiid ta lanningsbaan foar fleantugen omboud wurde koe). Wylst is de middelste betonstrook weihelle en is dy wer grien wurden.

Ta de bou fan de A29 waard yn 1968 besletten, en yn 1984 waard de hiele autosnelwei foar it ferkear iepene, de totale boukosten leine by 680 miljoen DM (sa. 350 miljoen euro).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]