Fokker F.XXXVI
Fokker F.XXXVI | |
---|---|
Rol | Passzjiersfleantúch |
Makker | Fokker |
Earste flecht | 22 juny 1934 |
Yn tsjinst | 1935 |
Ut tsjinst | 1940 |
Tal makke | 1 |
Brûkers | KLM, Scottish Aviation / RAF |
De Fokker F.XXXVI (as Fokker F.36) wie in troch Fokker yn de jierren tritich ûntwurpen en boude passazjiersfleanmasine. De F.XXXVI wie in fjouwermotorige heechdekker. De masine koe maksimaal 32 passazjiers (+ 4 man personiel) meinimme. Der waard ien fan makke, PH-AJA "Arend", foar de KLM. De F.XXXVI wie de grutste fleanmasine fan Fokker fan foar de oarloch..
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der waard mar ien F.XXXVI makke, de PH-AJA "Arend", foar de KLM. Om reden fan de lúkse ynrjochting krige it tastel de bynamme 'Fleanend Hotel'. De F.XXXVI waard op de tradisjonele Fokkerwize boud, mei in houten frame beklaaid mei kanvas en sûnder ynklapber lâningstsjellen. Troch it fêsthâlden oan dat konsept ferlear Fokker syn liedende rol yn de bou fan ferkearsfleanmasines. De grutste konkurrint fan dit tastel wie de folle modernere fan aluminium makke Douglas DC-2.
De F.XXXVI wie ornearre foar tsjinst op de Amsterdam-Batavia-line fan de KLM, dy't nettsjinsteande de krisis fan de jierren tritich in enoarm súkses blykte. KLM-direkteur Albert Plesman hie op 6 juny 1932 it earste oerlis oer de F.XXXVI mei Anthony Fokker, en yn septimber beloofde er seis F.XXXVI's te keapjen, mar dat stie net op papier. Plesman keas lykwols dochs foar de Douglas DC-2. De DC-2's waarden wol by Fokker yn elkoar set.
De Sweedske AB Aerotransport (ABA) wie bot ynteresearre yn it konsept fan de F.XXXVI, mar fûn it fleantúch fierste te grut. ABA hie leaver yn lytser fjouwermotorch tastel, dat se op har Jeropeeske brûke woe. Dêrom waard op grûn fan itselde ûntwerp de Fokker F.XXII ûntwikkele mei in kapasiteit fan 22 passazjiers.
Tsjinstperioade
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De F.XXXVI krige op 27 augustus 1934 syn loftweardichheidssertifikaat en kaam op 27 maart 1935 yn tsjinst, mar waard net ynset op Nederlânsk-Ynje. De "Arend" fleach faak op de line Londen - Berlyn oer Skiphol en ferfierde simmerdeis deitoeristen fan Skiphol nei it eilân Teksel. Ek is de masine ferhierd west oan de Frânske loftfeartmaatskippij SFTA Air Tropique.
Mei twa Fokker F.XXII's waard de F.XXXVI koart foar it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch ferkocht oan Scottish Aviation en krige de registraasje G-AFZR. It wie de bedoeling de trije fleantugen yn te sette op de nachtline Edinburgh-Glasgow-Londen, mar dat gie net troch út reden fan de oarloch. Ynstee waarden de tastellen brûkt as fleanende klaslokalen yn tsjinst fan de Royal Air Force-oplieding foar navigators.
Op 21 maaie 1940 kresjte de F.XXXVI by de take-off fanôf Glasgow Prestwick Airport. Der wiene gjin ferwûnen, mar it tastel wie net mear te meitsjen.
Spesifikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Algemien
- Bemanning: 4
- Passazjiers: 32
- Lingte: 24 m
- Spanwiidte: 33 m
- Hichte: 8,3 m
- Fleugeloerflak: 172 m2
- Gewicht leech: 10.300 kg
- Gewicht fol: 16.500 kg
- Oandriuwing: 4 × Wright Cyclone SGR-1820-F2 radiaalmotors, 560 kW (750 hk) it stik
- Prestaasjes
- Heechste faasje: km/o
- Krúsfaasje: 280 km/o
- Tsjinstplafond: m
- Fleanberik: 1536 km
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- R.de Leeuw, Fokker Commercial Aircraft. 1994, Fokker, De Haach
- A.J. Jackson, British Civil Aircraft since 1919 diel 2, 1974, Putnam, Londen, ISBN 0-370-10010-7
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Oer de F.XXXVI op Fokker, een levende historie.
- Oer de F.XXXVI op dutch-aviation.nl
- Bylden út it Polygoonsjoernaal, Anthony Fokker presintearret de F.XXXVI.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Fokker F.XXXVI fan Wikimedia Commons. |