Banckspolder
Appearance
Banckspolder | ||
bysûnderheden | ||
provinsje | Fryslân | |
oerflak | 3,5 km² | |
drûchlein | 1859 | |
ûntstien út | kwelder |
De Banckspolder is in polder op it Nederlânske waadeilân Skiermûntseach. De earste diken fan de polder waarden troch de mûntsen fan it sistersjenzer kleaster Klaarkamp oanlein. Yn 1859 lei mr. John Eric Banck in nije dyk oan om in stik kwelder, wêrtroch't de Banckspolder ûntstie. Oan de westkant fan de polder leit de Westerplasse, it wichtichste swietwettergebiet fan Skiermuontseach. De swiete grûn waard geskikt foar feehâlderij. Yn de polder steane sân pleatsen. De lannen wurde yn de maitiid en simmer in soad brûkt troch greidefûgels, winterdeis sitte der in soad oerwinterjende guozzen yn de polder. Natoer- en fûgelwachters jouwe yn de mande mei de boeren de nêsten oan en pleatse nêstbeskermers om de aaien tsjin it fee te beskermjen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |