Klopke
Klop of klopke is de Fryske ôfkoarting fan klopsuster, dizze term is ien fan de rom santich titels dy’t brûkt waarden troch en foar ‘geastlike fammen’ yn it ‘iermoderne’ tiidrek.
Oarsprong fan de namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de oarsprong fan de term klop of klopsuster wurde ferskate ferklearringen jûn. De meast bekende etymology is, dat se op de doar kloppen om leden fan de tsjerke út te nûgjen foar in hillige mis op in geheim plak yn in skûl- of skuorretsjerke. Yn Westfalen ferhellet de etymology dat de kloppen by de geheime tsjerketjinst de wacht hâlden en klopten sadree’t der gefaar wie. Evelyne Verheggen is fan oardiel, op basis fan har dissertaasje oer devoasjeprinten fan kloppen, dat de ferklearring socht wurde moat yn ‘it klopjen op de doar troch Brêgeman Jezus’. Wer in oare ferklearring draait it foargeande om, ‘Jezus kloppet op it hert fan syn breiden’. De âldste útlis stiet yn it earste Nederlânske wurdboek fan Kiliaen út 1574. Kiliaen jout oan dat it wurd ‘clopsuster’ al foar de Reformaasje bestie en dat de term ôflieden is fan ‘klophengst’ (in kastreare hynst). De oerdrachtelike bestjutting soe dan wêze dat ‘een zuster die zich heeft gecastreerd, zichzelf zuiverheid of kuisheid heeft opgelegd’.
It kloppelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Geastlike fammen of geastlike dochters en geastlike widowen wienen net-troude katolike froulju fan alderhanne leeftiden, dy't har yn de tiid fan de skûltsjerken (17e en 18e iuw) oan in religieus libben ferbûnen. Hja leinen in eed ôf by de yntrede yn de saneamde geastlike steat fan ‘kloppenstaat’. Kloppen wennen (yn de stêd en op it plattelân) op harsels of by elkoar yn lytse of grutte gearkomsten, de saneamde ‘vergaderingen’. De grutte ‘Vergadering De Hoeck’ yn Haarlim is de meast bekende kloppegearkomste yn Nederlân. Dêr wienen ek goed tweintich Fryske froulju lid yn de jierren tusken 1593 en 1660. Ek katolyk Ljouwert hat yn de 17e iuw inkele lytse kloppegearkomsten hân.
Kloppen wurken op ferskillende terreinen, sawol materieel as ymmaterieel. Njonken kostertaken yn de skûltsjerke, soargen se foar ûnderwiis (kategeze, lêze, skriuwe, muzyk en nifelwurk), earmesoarch en oar pastoraal wurk. Rike kloppen libben fan harren pachtynkomsten en rinten, mar earme kloppen wurken foar harren eigen ûnderhâld.
Kloppen brochten in soad jild yn foar de tsjerke. Se skonken faak kostbere liturgyske foarwerpen en ek makken se tsjerklike gewaden foar de staasje (katolike mienskip yn de missytiid). De rykste geastlike fammen fasilitearren faak de pryster en skonken gauris foarse legaten oan de tsjerke. Prysters en kloppen wurken gear by it missywurk en de opbou fan de staasjes.
Yn de Republyk fan de Feriene Nederlannen ha sa’n 5000 kloppen wurksum west. Koartlyn ûndersyk hat in lytse 400 Fryske kloppen oan it ljocht brocht, wêrfan't mear as de helte mei namme en ynformaasje.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Winkler, J., ‘Friesche Jonkvrouwen als “Maechden in den Hoeck" te Haarlem’, yn: Friesche Volksalmanak voor het jaar 1895, Leeuwarden 1895, side 1-40.
- Theissing, E.E.A.J.M., Over klopjes en kwezels, Utrecht 1935 (proefskrift).
- Grootenboer, J.J., Grote Sien & kleine Sien: klopjes in Twente, Hengelo 1979.
- Schulte van Kessel, E.M.R., Geest en Vlees in godsdienst en wetenschap, Den Haag 1980 (proefskrift).
- Monteiro, M.E., Geestelijke maagden: leven tussen klooster en wereld in Noord-Nederland gedurende de zeventiende eeuw, Hilversum 1996 (proefskrift).
- Vroede, M. de, "Kwezels" en "zusters. De geestelijke dochters in de Zuidelijke Nederlanden, 17de en 18de eeuw, Brussel 1996.
- Vanden Bosch, G., Pionnen op een schaakbord?: de rol van klopjes in de belangenstrijd tussen jezuïeten en seculiere priesters in de Republiek omstreeks 1609-1610 yn: Trajecta. Tydskrift foar de skiednis fan it katolike libben yn de Nederlannen, side 252-283 Leuven 2000.
- Verheggen, E.M.F., Beelden voor passie en hartstocht, Bid- en devotieprenten in de Noordelijke Nederlanden, 17een 18eeeuw, Sutfen 2006 (proefskrift)
- Abels, M.A.W.L.M., Tussen sloer en heilige, Beeld en zelfbeeld van Goudse en Haarlemse kloppen in de 17eeeuw, Utert 2010 (masterskripsje)
- Abels, M.A.W.L.M., ‘Beeld en zelfbeeld van zeventiende-eeuwse kloppen in de Noordelijke Nederlanden’, yn: Tijdschrift voor Nederlandse Kerkgeschiedenis, Jaargang 14, Nr. 1, 2013, side 5-15.
- Hofstee, S. ‘Geestelijke maagden ofwel klopzusters in Friesland’, yn: Tijdschrift voor Nederlandse Kerkgeschiedenis, Jaargang 16, Nr. 1, 2013, side 24-29.
- Nuyttens, M., Kwezeltjes dansen niet, Kwezels en devote gemeenschappen in Vlaanderen in de 17de en 18deeeuw, Leuven 2013.
- Abels, M.A.W.L.M., ‘Geestelijk leven in een huishouding van Jan Steen, Goudse en andere klopjes geschilderd in gender-perspectief’ yn: P.H.A.M. Abels, e.a. (red.), Terug naar Gouda, Religieus leven in de maalstroom van de tijd, Zoetermeer 2014, side 207-225.
- Hofstee, S., ‘Geestelijke maagden ofwel ‘klopkes’ in Friesland, Oriëntatie en inventarisatie’, yn: It Beaken, Tydskrift fan de Fryske Akademy, Jaargang 76, nr. 1, Leeuwarden 2014, side 34-53.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|