Keninkryk Mersia
Mersia (Ingelsk: Mercia; Aldingelsk: Mierce, "grinsfolk") wie in Angelsaksysk keninkryk yn Ingelân, dat part wie fan de heptargy. It gebiet roan fan de Noardsee oant Wales. It ryk waard stifte yn it begjin fan de 7e iuw, kende in tiid fan bloei ûnder kening Offa (757/758 – 796), mar waard yn begjin 9e iuw ûnderwurpen troch Egbert fan Wesseks.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Selsstannich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste kening fan Mersia dêr't wy fan witte, wie Creoda, dy't om 585 hinne oan de macht kaam. In earste tiid fan bloei, dêr't Mersia yn in grut part fan Ingelân behearske, wie ûnder kening Penda (stoarn 655). Dêrnei foel it werom oant de tiid fan kening Ethelbald (716 - 757). Hy moast him yn 't earstoan ferwarre tsjin sterk rivalen yn Kent en Wesseks, mar nei harren dea en ôfgean wist er de hegemony oer de keninkriken te krijen. Hy wûn de titel Bretwalda. Ek Offa, dy't koart nei de dea fan Ethelbald de macht krige, wist dy status te berikken.
Koart dêrnei wist Egbert fan Wesseks in wichtige en beskiedende slach te winnen (by Ellendun, 825) en dat betsjutte de ein fan de oerhearsking fan Mersia. Fan dy tiid ôf wie it Wesseks dat de lieding ûnder Ingelske keninkriken hie.
Under de Denen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 852 kaam Burgred op de troan dy't yn 'e mande mei Ethelwulf fan Wesseks Noard-Wales ûnderwurp. Yn 868 besetten de Wytsingen (út Denemark) Nottingham. De Denen ferdreaune Burgred út syn ryk yn 874 en beneamdenand Ceolwulf II yn syn plak. Yn 877 ferôveren de Wytsingen it eastlik diel fan Mersia.[1] Ceolwulf, the last king of Mercia, was left with the western half, but he disappeared by 881.[2] Fan 883 oant 911 regearre greve Æthelred fan Mersia oer Mersia ûnder de kening fan Wesseks, sels wie er gijin kening. Æthelred boaske oan Æthelflæd, dochter fan Alfred de Grutte fan Wesseks. Nei't de Wytsingen lang om let ferslein wienen yn Ingelân, yn de Slach fan Ettelred, dêr't Æthelred slim ferwûne rekke en oan de gefolgen stoar, waard Æthelflæd ‘Lady of the Mercians’ oant har dea yn 918. Yn 917 ferdriuwt hja de Denen út Derby. Nei har dea wurdt har dochter it bewâld oer Mersia ôfnomd en komt it feitlik oan Wesseks.
List fan keningen fan Mersia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De data, de nammen en feiten oer de earste hearskers oer Mersia (lykas by de oare hearsker yn de heptargy) wurde meast oannaam.
De Angelen haadman Icel komt mei syn folk fan oer de Noardsee nei (wat no) Grut-Brittanje is.
# | NAMME | PERIOADE | Opmerkingen: |
---|---|---|---|
- | Icel | 488 - 501 | soan fan Eomer, lêste Angelske kening op it kontinint. |
- | Crebba | 501 - 566 | soan fan Icel |
- | Cynewald | 566 - 584 | soan fan Crebba |
1 | Creoda | 584 - 593 | soan fan Cynewald |
2 | Pybba | 593 - 606 | soan fan Creoda |
3 | Cearl | 606 - 626 | broer (of neef?) fan Pybba |
4 | Penda | 626 - 653 | soan fan Pybba |
5 | Eowa | 635 - 642 | soan fan Pybba; mei-kening |
6 | Peada | 653 - 656 | soan fan Penda |
655 - 658 | oerhearsking troch Oswiu, kening fan Bernicia (642-670) | ||
7 | Wulfhere | 658 - 675 | soan fan Penda |
8 | Aethelred I | 675 - 704 | soan fan Penda |
9 | Coenred | 704 - 709 | soan fan Wulfhere |
10 | Coelred | 709 - 716 | soan fan Aethelred I |
11 | Coelwald | 716 | soan fan Aethelred I (keningskip net wis) |
12 | Aethelbald | 716 - 757 | neisiet fan Eowa |
13 | Beornred | 757 | |
14 | Offa | 757 - 796 | neisiet fan Eowa; + kening yn Kent en East Anglia |
15 | Egfrith | 787 - 796 | soan fan Offa |
16 | Coenwulf | 796 - 821 | neisiet fan Pybba; + kening yn Kent en East Anglia |
17 | Cynehelm | ? - 812 of 821 | soan fan Coenwulf; + kening yn East Anglia |
18 | Ceolwulf I | 821 - 823 | broer fan Coenwulf; + kening yn Kent en East Anglia |
19 | Beornwulf | 823 - 826 | keazen; (faaks) neisiet fan Beornred ; + kening yn East Anglia |
20 | Ludeca | 826 - 827 | keazen |
21 | Wiglaf | 827 - 829 | keazen |
829 - 830 | oerhearsking troch Egbert, kening fan Wesseks (802-839) + Esseks, Susseks, Kent | ||
21 | Wiglaf | 830 - 840 | (opnij) |
22 | Wigmund | 840 | soan fan Wiglaf, skoansoan fan Ceolwulf I |
23 | Wigstan | 840 | soan fan Wigmund |
24 | Beorthwulf | 840 - 852 | (mooglik) neef fan Wigstan |
25 | Burgred | 852 - 874 | keazen |
26 | Ceolwulf II | 874 - 883 | (mooglik) soan fan Wigmund |
27 | Aethelred II | 883 - 911 | keazen; erkent Alfred de Grutte fan Wesseks as oerhearsker |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|