Springe nei ynhâld

Willy Brandt

Ut Wikipedy
De ferzje fan 18 jul 2020 om 02.47 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Willy Brandt yn 1980
Boargemaster Brandt mei John F. Kennedy, 13 maart 1961

Willy Brandt, oarspronklik Herbert Ernst Karl Frahm, (Lübeck, 18 desimber 1913Unkel, 8 oktober 1992) wie in Dútske sosjaal-demokratysk politikus en bûnskânselier (1969-1974).

Willy Brandt flechte yn 1933 nei Noarwegen en brocht dêr de kriichsjierren troch. Yn 1947 kearde hy nei Dútslân werom, waard lid fan de SPD en ferkeazen yn de Bûnsdei, foarsitter fan de Senaat fan West-Berlyn en yn 1957 boargemaster fan dizze stêd.

Yn 1964 waard Willy Brandt foarsitter fan de SPD en twa jier letter minister fan Bûtenlânske Saken yn it koalysjekabinet-Kiezinger. Doe't yn 1969 din regearing ta stân kaam fan sosjalisten en liberalen, waard hy bûnskanselier fan Dútslân. Yn dizze funksje sette hy syn al earder yn gong setten polityk fan ta-inoar kommen mei de Eastbloklannen mei krêft fuort. Syn "Ostpolitik", late ta ferdraggen mei Poalen, de Sowjet-Uny en Tsjechoslowakije, in regeling fan de kwestje-Berlyn en in regeling mei de DDR. Yn 1971 waard him de Nobelpriis foar de Frede takend.

Willy Brandt waard yn 1971 werkeazen, lykwols wie de ûntmaskering fan in Eastdútske spion yn syn neiere omjouwing de direkte oanlieding fan syn beslút om ôf te treden as bûnskanselier (maaie 1974).

Fan 1941 oant 1948 wie Brandt boaske oan Carlotta Thorkildsen en sy krigen in dochter, Ninja (1940). Yn 1948 boaske er mei de widdo Rut Bergaust. Dat houlik rûn op 'e non yn 1980. Se wie de mem fan syn soannen Peter (1948), Lars (1951) en Matthias (1961). Yn 1983 troude Brandt mei de tritich jier jongere histoarika Brigitte Seebacher.