Pieter Soepboer
Appearance
Pieter Soepboer (Nes, 6 juny 1920 – Ljouwert, 16 july 1998) wie in Nederlânsk lokaal politikus fan de ARP en letter it CDA.
Soepboer waard berne yn Nes yn de eartydske gemeente Westdongeradiel en nei syn oplieding oan in lânbouskoalle wie er fan 1942 ôf oan 't wurk by de lânboufoarljochting. Yn 1957 stapte er oer nei it lânbou-ûnderwiis dêr't er oant 1975 dosint bliuwe soe. Njonken dat wie er fan 1958 lid fan de gemeenteried fan Ljouwerteradiel dêr't er yn 1969 ek wethâlder waard. Yn april 1980 waard Soepboer waarnimmend boargemaster fan Eastdongeradiel. Op 1 jannewaris 1984 waard dy gemeente mei Dokkum en Westdongeradiel de nije gemeente Dongeradiel en ferfoel syn funksje.
Mids 1998 stoar er yn de âldens fan 78 jier.