Springe nei ynhâld

Konstruktivisme (keunst)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 14 jul 2020 om 01.33 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Agitprop-poster fan Majakovski

Konstruktivisme wie in artistike en boukeunstige beweging dy't yn Ruslân fanôf 1919 ûntstie en dy't it idee fan 'Keunst om de keunst' fersmiet. Men joech de foarkar oan keunst as in praktyk mei in sosjaal doel. Konstruktivisme hat men mei dwaande west oant om 1934 hinne; it hat in protte ynfloed hân op ûntjouwings yn de keunst fan de Weimarrepublyk en oare plakken, foar't it opfolge waard troch it Sosjaal Realisme (fral yn de Sovjetuny). Sûnt binne der inkeld mar spoaren fan fûn yn oare keunstbewegings.

Yn de skilderkeunst spile, koart foar de Earste Wrâldoarloch, de Russyske avant-garde in opfallend wichtige rol yn de ûntwikkeling fan de abstrakte keunst. Ut it rayonisme fan Mikhaïl Larionov en it suprematisme fan Kazimir Malevitsj helle Vladimir Tatlin it bekende konstrutivisme.

Utgeande fan de kollaazje-technyk fan Pablo Picasso brocht er it reliëf yn de ûnderwerploze keunst en esposearre er sels 'sweevjende konstruksjes'. Neffens sabearre matematysk-technyske begjinselen waarden troch de konstruktivisten foaral geometryske foarmen yn de komposysje brocht en waard witten ôfsjoen fan alle subjektive ekspresje. De konstuktivisten waarden foaral meislepe troch harren ûntsach foar masjines, de arsjitekt en tapaste technyske bousels; sy seagen dêr fêstichheid yn foar harren stribjen nei dúdlikens en presisens en tsjin subjektyf yndividualisme. Skilderjen wie yn it foarste plak in objektive stúdzje, in stiif trochsetten fan de strangste ferienfâldiging fan de skilderkeunstige middels, oant der úteinlik neat oars oerbleau as it ferneamde fjouwerkante swarte flak fan Malevitsj.

Fan hjirút waard de skilderkeunst fan de grûn ôf opnij opboud. Gjin sykjen nei subjektyf uteringsferlet, mar nei de meast basale mooglikheden dy't ôflaat wurde kinne fan it swarte fjouwerkant, de saneamde konstruktivistyske of supramatistyske eleminten. Dy konstruktivistyske eleminten binne bygelyks: twa swarte flakken neist en tsjin elkoar oan (in horizontale ferlinging fan it swarte kwadraat), in swart fjouwerkant rjocht boppe en tsjin in oar oan (in fertilale ferlinging fan it swarte kwadraat), ensafuorthinne. Dan de sirkel, de trijehoeke, ensf. De yngewikkelde en fansels teoretysk filosofyske disusjes fan de konstruktivisten waarden fêstlein yn in soad manifesten en avant-gardistyske programma's, benammen yn de perioade fan 1915 oant 1920.

Fia it Bauhaus yn Weimar, mei El Lissitzky, en De Styl fan Theo van Doesburg en Piet Mondriaan in Leiden krong it konstruktivisme nei de oarloch (WK II) West-Europa yn. Wylst Mondriaan syn horizontaal-fertikale komposysje kreëarre, brocht Van Doesburg mei diagonalen in mear dynamysk konstruktivisme.

Naum Gabo en Antoine Pevsner wiene doe al útwaakst ta de wichtichste Russyske eksponinten fan de beweging.

František Kupka, László Moholy-Nagy en Victor Vasarely wiene ek fertsjinstlike foar it konstruktivisme.

It konstruktivisme wie fan 1917 oant 1921 de offisjele keunst fan de Russyske revolúsje. Tal fan moderne keunstners, ek Kandinski en Tatlin, besetten wichtige offisjele posten, sa as learaar oan de keunstakademy fan Moskou. Mar nei 1920 waarden de nijmoadrige úteringen fan keunst feroardiele troch it regear as ûnbegryplik foar de gewoane man en yn striid mei it algemien belang. Om 1922 hinne, wiene de konstruktivistyske aktiviteiten al hast beheind ta tapaste keunst. Begjin jierren '30 waard dizze keunstfoarm lykwols bestimpele as te 'bourgeois' en waarden keunstners oantrune ta 'herfoarming'. Neffens guon sovjetwittenskippers wie der fan 1932 oant 1936 noch in soart fan 'oergongsstyl', dy't oantsjut wurdt as it postkonstruktivisme. Yn de jierren 60 komt der wer omtinken foar it wurk fan de konstruktivisten en fanôf de 90er jierren binne wer in oantal gebouwen set yn de styl fan it konstruktivisme fan de jierren 20; ûnder oaren it winkelkompleks 'Tri kita' oan de Minskoje sjosse (de dyk fan Moskou nei Minsk).

Besibbe design streamings en stilen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Konstruktivistysk design is famylje fan ûnder oare de folgjende design streamingen en stilen:

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]