Gerard Tjaard Nicolaas Suringar
Appearance
Gerard Tjaard Nicolaas Suringar (Ljouwert, 1 juny 1804 - dêre, 13 maaie 1884) wie in printer en útjouwer yn Ljouwert.
Hy skafte as earste yn Fryslân in izeren printparse oan. Hy wie lid fan 'Constanter', in literêr-wittenskiplike stúdzjegroep yn Ljouwert.
Yn 't earstoan joech Suringar in protte letterkunde út, ûnder oaren fan Willem Bilderdijk, Van der Palm, Borger en Hendrik Tollens. Letter joech er ek natuerkundich wurk út. Fierders wie er bestjoerslid en letter earelid fan de Vereeniging ter bevordering van de belangen des boekhandels'
Suringar syn soan Willem waard in bekend botanikus en soan Hugo waard útjouwer.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J. H. e.o. (red), Encyclopedie van Friesland, 1958. Suringar, G.T.N. |