Brookmerlân (Samtgemeinde)
De Samtgemeinde Brookmerlân (Dútsk: Samtgemeinde Brookmerland) is in iepenbier lichem yn it distrikt Auwerk fan de dielsteat Nedersaksen.
Buorgemeente
Besuden Brookmerlân leit de gemeente Südbrookmerland.
Ut de skiednis
De Samtgemeinde Brookmerân ûntstie op 1 augustus 1969 en bestiet út seis gemeenten dy't mei-inoar likernôch 13.000 ynwenners hawwe.
Polityk
Gemeenteried
De Samtgemeinde ken in eigen gemeenterie, dy't út 31 sitten bestiet. Ien dêrfan is op grûn fan syn amt reservearre foar de boargemaster.
Partij | Sitten |
---|---|
SPD | 18 |
CDU | 8 |
Bürger Wählergruppe | 4 |
Boargemaster1 | 1 |
1 Om syn amt
Bestjoerlike yndieling
De dielnimmende gemeenten Mariënhafe, Leezdorf, Osteel, Rechtsupweg, Upgant-Schott en Wirdum hawwe harren juridyske en polityke ûnôfhinklikens behâlden. Wol wurde inkele taken mienskiplik útfierd. Haadplak fan de Samtgemeinde is Mariënhafe.
Susterstêd
Brookmerlân hat in parnerskip mei Melksham, Wiltshire yn Ingelân.