Springe nei ynhâld

17 Kêsten en 24 Lânrjochten

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan 17 Keuren en 24 Lânrjochten)
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.

De 17 Kêsten en 24 Lânsrjochten is in samling âldfryske teksten dêr't parten fan it rjocht en de frijheden fan Fresia yn fêstlein waarden. De teksten, dy't oerlevere binne yn meardere hânskriften, komme út de midsiuwen en jilde as de âldste teksten yn de Fryske taal. De âldste eksimplaren binne skreaun yn it Aldfrysk, lettere edysjes binne oersettings yn it Latyn en Nederdútsk. Der binne net folle oerienkomsten mei de Lex Frisionum, de âldste boarne fan Frysk rjocht, útsein de 16e kêst dy't wol mei de Lex yn ferbân brocht wurde kin.

De santjin kêsten jouwe in opsomming op hokker wize de Friezen har relaasje mei de oerheid regelje moasten en hokker rjocht sy hienen op eigendom, frijheid en frede. De fjouwerentweintich lânsrjochten stelle benammen de rjochten en plichten fêst fan lânbesitters.