Oerlis:17 Kêsten en 24 Lânrjochten

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

De 17 kesten. De keppeling mei de 17 kesten út de foarige side moat der ta liede dat der ek yn Wikipedy in lemmaa komt. Okkerdeis is is it boek fan J.Post Ferskynd, oer hast alle frysek stikken en weeten. Dat liket nochal folle hae op de foarke, mar derbij har er ek nochris 600siden oan oarkonden joun om te fergelykjen mei wat de oaren der oant nou ta oer sein hawwe.

Dat is neffens disse auteur net folle goeds.

kommintaer op âlder ûndersyk To'n earsten: alle auteurs hawwe in oare datum en en oare reden foar it ûntstean en of it jaen fan de 17 kesten. [ de 17 keuren]. Bij gjin ienridigens kin min net sprekke fan wittenskip. Min jaget heechstebs wat dreamen nei. To'n twadden: neffens Post is yn it ûndersyk nei de herkomst de chronolgy fier to sykjen. To'n tredden: der wurdt la de tiid mar ien boarne oanhelle, dat binne seis of sawn op dat mê frijwol gelijk sprekkende koadeksen. As wie der neat oars, der't min fergelikingen yn plak, tiid, taal en wurdgebrûk helje kin. To'n fjirden lûkt min him neat oan fan de ûntwikkeling fan it byld fan Kareld de Greate, sa as dy al yn 1950 troch R.Folz beskreaun is. to'n fiifden : ek de ferwizing nei de abtenlibbens s=as dy fan Mariengaarde en Lidlum Akseptearret Post net. Neffens de stelrigel fan Bolhuis van Zeeburg binne dy falsk. Dat toant past ek noch oan oan de ein fan syn studzje: As der gjin skouten yn de 13e ieuw yn Fryslân west haww, hoe kin dan de dochte fan in skout trouwe mei de erst bekende Cammingha? To'n seisden: Komt Post mei in nei argumint. De kunst fan ûnderhandeljen. Yn 1248 koene se noch net iens sels ûnderhandelje. pas yn 1310 oer ien ûnnoazel dinkje, en sa wreidet it oantal easken him hieltiten út. To'n sawnden: Der wurdt ougryslik omtiisd mei Magnus. Post signalearret in opbouw yn trije fasen, der't pas yn de lêste fase de namme Magnus by komt. It bigjint mei in anonyme fries dy't yn 1217 foar Faro in soartgelikens stikje úthellet. Dat stiit by in Ferslach dat magister Emo yn syn kroanyk opnaem hat. Magnus sels wurdt net foar 1400 tafoege. Tón achtsten: Ek út de selde boarne: Emo skriuwt dat de Akenaren harren torch keizer Karlel en syn opfolgers jowne privileezjes befêstis waerden troch Willen II (fan Hollân) en daty de Friezen neffens de oersetteng nei hûs ta teinen mei "geunsten en earbiwizen". Dus s6under karelsprivileezje, hwat it ek ynhâlde mocht. Fierder blykt dat alle inoar opfolgjende datearringen mar basaerre binne op ien wurd en dat is gjin slach yn de loft mar yn it loftliddige.

de trochgeande lijn Min hat no al 140 jier oer de âldens fan de 17 kêsten en 24 lanrjuchten eamele, mar ienige koeskwinsje sit der net yn. It is yn elts gefal gjin wittenskip. Post fynt dat Bremmer flink op de goeije wei wie en nou kaem lêsten Schuur mei in nije datearring. Hij wie it stik nou ris net mear alfte ieuwsk neame mar om 1250 hinne plaetse. Wat er sels net murken har en ek de radaksje net wie it feit dat Schuur sa kaem to sitten mie it prebleem fan de folle koekast. De taert út it friesfek, moast nou op it plak fan de meloen komme te stean, maar hij fergaet derbij dat dy dan ek herdatearre ( op in oar plak setten) wurden moast, likas noch wat mear lytse stikken op itseld rim yn de kuolling.

in konsekwinte methoade Neffens Post is der mar ien remedy: sjen nei safolle mooglik oarkonden en stikken dy't hwat sizze oer de friezen, frysk of frysk gebiet yn hokker tael dan ek. Hy komt sa ta de konkluzje, dat de 17 kesten en de 24 lânrjochten, naet hawwe fan de Foarm der't al sûnt Karel de Greate WETTEN yn notaerre waerden. En hast al de útspraken ( artikelen) fan de Lex frisionum bigjinne men "Si Quis" yn it Frysk: As der ien.... It selde sjogge we yn de 13e ieuwske stikken fan Hunsinge, Fivelgoo, nederdútske fertaling en Latyn yn de Codex Humercensis, mei so we of so we so, en it Latyn wer me Si Quis... Net ien kin ferklearje werom as de foarm fan formulearjen yn de 17 kêsten sa literair is en sa fan it tiidsbyld ôfwykt. Der wurdt gewoan yn de ferkearde hoeke socht.

in definityve datearring Yn de stúdzje fan Post wurdt derom ferwiisd nei de fyftjinde ieuw. Dat soe mei de muntomloop better klopje, al is it mar in greep út folle maer munten dy yn omloop wiene. Dat ferklearrte ek better de noormanne, dat wien de Liekedelers dy't hiel lang yn norderland mei nam yn Marienhafe sitten hawwe. Ta slot sjocht er in febining mei de opdracht út de Focko Ukena keuren, weryn dizze tydlike poatentaet, mar wol al yn syn neidagen opdracht jout om in nij en "Vorstandich" landrecht op te stellen. Bûten in oantal saken dy't ek mei de tiid strike is de formulearring einliks ek mear literair. De hele Potnialis fan it "Si Quis is fourt. der wordt in lanrjocht makke dat in elk bigripe kinne moat. Mar miskyn is it Fockko mek wol bij de hanne om oubrútsen. en binne de stikken nea echt yn funksje west. Post datearret dit yn syn Stúdzje in Mythe ontmanteld yn de peroade tusken 8 meart 1427 en 28 april 1428.

Dermei is de hiele 19e ieuwske beflogenhyt oer dit sik de 17 kêsten eins net mear as in nasjonalityske opstiging. It liket my dat Post der op in rake menier mei ôfweefd hat. - 27 jul 2012, 15.57 Meidogger 84.81.7.59