Springe nei ynhâld

Museum 't Behouden Huys

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan ‘t Behouden Huys)
Museum 't Behouden Huys

Museum 't Behouden Huys is sûnt 1939 in kultuerhistoarysk museum yn West-Skylge, neamd nei it Behouden Huys, it ûnderkommen dêr't de Skylger Willem Barentsz en syn bemanning yn 1596-1597 oerwinteren op Nova Sembla. It museum sit yn twa orizjinele kommandeurswenten en nijbou oan de Kommandeurstrjitte 30-32.

It museum waard stifte troch de op Skylge berne Gerrit Knop en Jan Lieuwen en begûn as in ienmalige tentoanstelling, dy't sa populêr wie dat besluten waard der in permanint museum fan te meitsjen. It museum wurdt beheard troch de stifting Schellinger Kultuer-Histoarysk Museum Het Behouden Huys. Der wurdt omtinken jûn oan:

Alle jierren wurdt yn de nijbouseal in eksposysje hâlden dy't betrekking hat op it eilân en syn bewenners. De eksposysjes fan 1992 oant 2007 binne:

  • 1992 Strânfynsten
  • 1993 Loadstsjinst fan Skylge
  • 1994 400 jier Brandaris
  • 1995 Skylge yn de Twadde Wrâldoarloch (by gelegenheid fan de 50e jierdei fan de befrijing)
  • 1996 Willem Barentsz
  • 1997 Willem Barentsz (ferfolch)
  • 1998 Rykswettersteat op Skylge/Fryske klaaiïnge
  • 1999 De Lutine
  • 2000 De Lutine (ferfolch)
  • 2001 Paulus de Skylger Boskkabouter
  • 2002 Geuzen en oare net-winske besite
  • 2003 Australysk aventoer fan Vliestra
  • 2004 Skip yn Need (rêding op Skylge)
  • 2005 Feesten op Skylge
  • 2006 Fette Bút (oer de relaasje tusken Skylge en Grienlân)
  • 2007 Fan Twa Kanten (mei Linette Raven)
  • 2008 Veerdiensten in ver verleden (by gelegenheid 100 jier rederij Doeksen)
  • 2009 Terschelling springt eruit (by gelegenheid 100 jier toerisme op Skylge)
  • 2011 Alleen op de Boschplaat (oer Jan Knilles Femmes)
  • 2013 Skilderijen fan Skylge
  • 2014 Mearkes en Seagen fan Skylge
  • 2016 De grutte brân fan 1666

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: