Český Krumlov

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Český Krumlov
381 01 Český Krumlov, Czech Republic - panoramio (41).jpg
Flagge Wapen
Flag of Český Krumlov.svg Cesky Krumlov CoA CZ.png
Sifers
Ynwennertal 13,085 (2019)
Oerflak 22.16 km²
Befolkingstichtens 590 / km²
Hichte 492 m. boppe seenivo
Polityk
Lân Flag of the Czech Republic.svg Tsjechje
Kraj Flag of South Bohemian Region.svg Súd-Bohemen
Oar
Stifting 1253
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside ckrumlov.info

Český Krumlov (Dútsk: Krumau of Böhmisch Krumau) is in stêd yn it suden fan Tsjechje. It histoaryske sintrum fan de stêd leit om de boarch en waard tagelyk mei it histoaryske sintrum fan Praach yn 1992 oanwiisd as wrâlderfgoed fan UNESCO.

De tafoeging Český ("Boheemsk") is om de stêd te ûnderskieden fan Moravský Krumlov yn Súd-Moraavje.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Český Krumlov ûnstie as in delsetting by it kastiel, dat fanôf it midden fan de 13e iuw troch leden fan it Vítkovci-skaai boud waard op in plak lâns in wichtige hannelsrûte yn it Keninkryk Bohemen (1198–1918). De Tsechyske namme Krumlov wurdt foar it earst yn 1259 neamd.

Om't de Vítkovci-skaai útstoar droech kening Wenceslaus II it kastiel mei de delsetting oer oan de Rosenberg-dynasty (Rožmberkové). Yn dy tiid wie de mearderheid fan de befolking Dútsktalich, dy't fan oarsprong ôfkomstich wie út it oanbuorjende Eastenryk en Beieren. Sûnt 1334 wie der ek in joadske mienskip en yn 1336 wie der in lytsje Tsechyske minderheid, dy't in eigen preester hie.

Krumau oan it begjin fan de 19e iuw
l

De Rosenbergs brochten de stêd ekonomysk yn bloei en tsjin it ein fan de 15e iuw waard by de stêd goud fûn. De fynst loek mynwurkers út Dútslân oan, sadat de Dútsktalige mearderheid noch wat grutter waard. Ek tsjitwurdich is it wapen fan de Rosenbergs, in reade roas mei fiif bledsjes, oeral yn de stêd te sjen.

Yn 1602 ferkocht Peter Vok fan Rosenberg (1539–1611) Krumlov oan de Habsburgske keizer Rudolf II, dy't de stêd oerdroech oan syn soan Julius d’Austria. Nei de Boheemske Opstân en de Slach op de Wite Berch (1620) kaam de stêd yn hannen fan it Hûs Eggenberg. Fan 1719 oant 1947 bleau it kastiel yn it besit fan it Hûs Schwarzenberg.

Oant de 20e iuw bleau de mearderheid fan de stêd Dútsk. Nei de Earste Wrâldkriich kaam de stêd yn de Republyk Dúts-Eastenryk te lizzen, mar tsjin it ein fan 1918 besette it Tsjechoslowaakske leger de regio. Mei de anneksaasje fan it Sudetenlân troch Hitler yn 1938 waard de stêd ûnderdiel fan it Tredde Ryk.

Český Krumlov foel nei de Twadde Wrâldkriich yn de grinzen fan Tsjechoslowakije. De Dútsktalige befolking fan Sudetenlân waard kollektyf straft en de hiele mienskip ferballe. Český Krumlov waard fanôf dy tiid in stêd mei in homogeen tsjechyske befolking. Under kommunistysk bewâld ferfoel de histoaryske stêd, mar nei de Flewielen Revolúsje fan 1989 is der in soad dien om de stêd yn âlde gloarje te renovearjen.

Sûnt 1992 stiet de histoaryske binnenstêd op de list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO. Tsjintwurdich is Český Krumlov in populêr plak foar toeristen.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De histoaryske binnenstêd leit oan de rjochterkant fan de Moldau, dy't as in luds it sintrum fan trije kanten begrinzget. Lofts fan de Moldau leit it kastiel mei de âlde wyk Latrán.

Kastiel
  • Fan alle tsjechyske kastielen is allinne it Hradčany-kompleks yn Praach grutter as it kastiel fan Český Krumlov. Underdiel foarmet it barokke slotteäter, dy't yn de jierren 1680–1682 yn opdracht fan prins Johann Christian I fan Eggenberg boud waard en noch hielendal orizjineel is. Foar it betsjinjen fan it mechanisme fan it toaniel, dat hielendal fan hout is, binne 35 minsken nedich. It kastiel en it teäter wurde troch in hege brêge fan meardere ferdjippings oer de grêft mei-inoar ferbûn. De lêste partikuliere bewenner fan it kastiel wie Adolph Schwarzenberg. Hy ferwolkomme yn it kastiel presidint Edvard Beneš en joech him in yn dy tiid ûnbidich grut bedrach fan ien miljoen kroanen foar ut ferdigenjen fan Tsjechoslowakije tsjin de tanimmende driging fan Nazy-Dútslân. Doe't de Anschluss plakfûn liet er op syn besittings yn Wenen swarte flaggen wapperje en doe't joaden langer net yn de parken fan Wenen kuierje mochten, plante er yn 'e tunen fan syn Weenske paleis buorden mei "Joaden wolkom". De Gestapo liet yn 1940 beslach lizze op syn kastiel en nei de kriich ûnteigene it kommunistyske regear yn 1947 syn besittings yn Tsjechoslovakije.
  • De 14e-iuwske Sint-Fitustsjerke (kostel svatého Víta) is in trijeskippige, goatyske tsjerke. It is njonken it kastiel it opfallenste bouwurk fan de stêd. It netferwulft fan de tsjerke heart ta ien fan de âldsten fan Europa.
  • Oan de Sint-Vitustsjerke grinzget it jezuïetenkolleezje, dat fan 1588 oant 1773 bestie. Tsjintwurdich is der in lúks hotel yn ûnderbrocht.
  • It Minoriten- en Klarissenkleaster waard yn 1350 as in dûbelkleaster stifte. Under it kommunistyske regear waard it kleaster yn 1950 opheven, tsjintwurdich wurdt it renovearre kleaster as in museum brûkt.
  • It stedhûs fertsjintwurdiget de renêssânse en datearret yn de hjoeddeiske foarm út 1598. Op it plein foar it stedhûs stiet in pestpylder mei in byld fan Marije. De bylden oan de sokkel fan de pestpylder stelle hilligen fan it Keninkryk Bohemen foar.
  • It Egon Schiele Art Centrum is in oan de ekspresjonistyske Eastenrykske skilder Egon Schiele (1890–1918) wijd museum, dy't yn de stêd wenne hat.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Český Krumlov