Springe nei ynhâld

Sontbrêge

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Öresundbrêge)
Brêge oer de Sont, fan de Sweedske kant ôf besjoen
Brêge oer de Sont, út de auto wei besjoen
Sontbrêge

De Sontbrêge (offisjeel: Øresundsbron) is it opfallendste part fan de 16 kilometer lange ferbining foar wei- en spoarferkear oer de Sont tusken Denemark en Sweden. De offisjele namme is in kofferwurd út it Deenske Øresundsbroen en it Sweedske Öresundsbron.

Dy dûbelde wei-spoar-ferbining keppelet Kopenhagen oan Malmö. De brêge hat ien fan de langste oerspannings fan alle tuibrêgen yn 'e wrâld: in oerspanning fan 490 meter. De heechste pylder is 204 meter. Nei skatting waacht de brêge yn totaal 82 miljoen kilo. De maksimale trochfarhichte is sa'n 50 meter.

De bou begûn op 16 septimber 1993 en de kosten berûnen sa'n 3 miljard euro. De brêge-tunnelkombinaasje is oanlein om de regio Kopenhagen-Malmö (Sontregio) in ekonomyske ympuls te jaan en sa tsjinwicht te jaan oan de oanstriid fan de JU har belang hieltiten súdliker te sykjen.

De ferbining, besteande út in spoarline mei twa spoaren en in wei mei 2x2 rydstroken, allinnich foar auto's, waard op 1 july 2000 troch de Sweedske kening Karel XVI Gustaaf en de Deenske keninginne Margareta II iepene. In heale moanne foar de offisjele iepening koenen de Sweden en Denen middels in donaasje oan it Deenske Reade Krús in kaartsje keapje om de brêge op skeelers, fytsend of rinnend oer te gean.

De hiele ferbining oer de Sont bestiet út trije parten:

  • Oan de Sweedske kant, de Sontbrêge: in dûbeldeksbrêge, mei autosnelwei boppe en spoarwei ûnder, fan hast 8 kilometer lang;
  • Yn de Sont Peperholm: in kunstmjittich eilântjse, sa neamd om it tichteby lizzende Sâltholm, mei in lingte fan 4 kilometer dêr't snelwei en spoarwei neist elkoar komme te lizzen;
  • Oan de Deenske kant de Drogdentunnel: in dûbelde tunnel fan 4 kilometer lang.

De E20 rint oer de brêge. Foar de Sontferbining jildt in tolplicht. In inkele reis oer dizze ferbining kostet mei in auto sawat € 35 (2004). Fan grutte ferkearsdrokte is dan meastenttids ek gjin sprake: der ride sa'n 11800 voertuigen per dei oer (4,3 miljoen reauwen yn 2004). Dêrby spilet mei dat de boatferbining Helsingør-Helsingborg dy't wat noardliker leit goedkeaper is en dat it rydtidenbeslút fan de JU ôftwinget dat beropsmjittige sjauffeurs op fêste tiden rêste moatte.

Fytsers kinne net oer de brêge en moatte dus mei de trein. Wol wurdt sûnt 2002 alle jierren oer de brêge in heale maraton ferrûn, fan Denemark nei it Sweedske stasjon fan Malmö.

Jier Motors Auto's Auto's (6–9 m) Bussen Frachtweinen Totaal
2001 24.330 2.660.807 74.505 37.745 153.485 2.950.872
2002 25.868 3.106.318 73.942 41.433 180.803 3.428.364
2003 26.881 3.418.382 86.477 41.294 208.402 3.781.436
2004 33.615 3.908.014 94.232 58.270 230.546 4.324.677
2005 29.878 4.499.640 109.631 56.480 269.164 4.964.793
2006 32.387 5.203.178 143.609 55.510 307.909 5.742.593
2007 38.376 5.674.513 161.807 52.339 314.590 6.745.968
2008 35.012 6.502.882 161.386 47.979 341.106 7.088.365
2009 33.845 6.565.023 164.025 42.742 298.071 7.103.706
2010 31.254 6.499.956 172.573 44.523 328.295 7.076.601
2011 29.672 6.375.075 180.655 44.651 358.104 6.988.157
2012 27.187 6.148.107 180.037 41.564 368.921 6.765.816
2013 32.438 6.028.040 182.605 40.935 401.389 6.685.407
2014 34.087 6.217.111 194.495 50.362 422.222 6.918.277

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]