Springe nei ynhâld

Étretat

Ut Wikipedy
Étretat
Emblemen
Bestjoer
Lân Frankryk
regio Normandje
departemintSeine-Maritime
arrondissemintLe Havre
Sifers
Ynwennertal1.102 (2023)[1]
Oerflak4,07 km2
Befolkingsticht.271 ynw./km²
Oar
Postkoade76790
TiidsôneUTC +1
Koördinaten49° 42' N 0° 12' E
Offisjele webside
etretat.fr
Kaart
Étretat (Frankryk)
Étretat
Kaart
Kaart fan 'e gemeente.

Étretat is in plak en gemeente yn it Frânske departemint Seine-Maritime en de regio Normandje. Étretat makket diel út fan it arrondissemint Le Havre. By toeristen is Étretat bekend om 'e kliffen mei bûtenwenstige rotsformaasjes, dy't oan beide kanten fan it plak lizze. Étretat is in toeristysk sintrum mei in soad toeristyske fasiliteiten lykas hotels, restaurants en winkels dêr't oantinkens kocht wurde kinne.

Untwikkeling befolking

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier196219681975198219901999
Ynwennertal1.3791.4721.5251.5771.5651.615
Jier20062008202320182023
Ynwennertal1.5311.5051.4691.2421102

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
L'aiguille (De Nulle)
  • De klifformaasjes en de Aiguille (de 'Nulle').
  • De houten merkhallen.
  • De Manoir de la Salamandre waard yn 'e 20e iuw boud troch arsjitekt Émile Mauge. By de bou brûkte hy dielen fan in 15e-iuwsk hûs dat yn Lisieux stie.
  • Villa’s yn 'e belle-époquestyl.
  • De Notre-Dame fan Étretat stiet eastlik fan it sintrum en is in romanogoatyske tsjerke út 'e 12e-13e iuw. Op it tsjerkhôf binne in grut tal kriichsgrêven.
  • De Chapelle Notre-Dame-de-la-Garde jout in skitterend útsicht op l'Aiguille.
  • Yn Étretat binne ek oantinkens fan 'e Atlantikwall te sjen.

Étretat is it lêst plak dêr't de L'Oiseau Blanc ("Wite Fûgel") sjoen is. It fleantúch ferdwûn yn 1927 by de oerstek oer de Atlantyske Oséaan, itjinge noch jimmeroan ien fan 'e grutste riedsels út 'e skiednis fan 'e loftfeart is. It monumint út 1963 yn 'e foarm fan in hege pylk betinkt de twa fleaners Charles Nungesser en François Col.

Sûnt de 19e iuw wurdt Étretat in soad besocht troch ferneamde impresjonistyske keunstskilders, dy't fral de krytrotsen op it doek fêstleine. Under de keunstners mei wurk fan Étretat binne û.o. Richard Parkes Bonington, Eugène Boudin, Jean-Baptiste Camille Corot, Gustave Courbet, Eugène Delacroix, Narcisso Virgilio Díaz de la Peña, Paul Huet, Eugène Isabey, Johan Barthold Jongkind, Eugène Lepoittevin, Henri Matisse en Claude Monet.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: