Ángel Calderón de la Barca
Appearance
- N.B.: Dit is in Spaanske namme. De (inkele of gearstalde) foarnamme is Ángel. De earste efternamme (fan heitekant) is Calderón de la Barca, en de twadde efternamme (fan memmekant) is Belgrano. As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm Calderón de la Barca of oars Calderón de la Barca y Belgrano brûkt wurde.
Ángel Calderón de la Barca y Belgrano (Buenos Aires, 2 oktober 1790 - Underkeninkryk fan de Río de la Plata, 1861) wie in Spaansk ealman en politikus dy't tusken 1853 en 1854 Minister fan Bûtenlânske Saken fan Spanje wie. Hy korresondearre mei de Amerikaanske histoarikus William H. Prescott en boaske earst oan Isabel Ana de Vera y Sotosánchez en letter mei Frances Erskine Inglis. Dy lêste skreau in súksefol boek oer harren libben yn Meksiko doe't de la Barca dêr as diplomaat stie. Syn twadde frou waard markizinne fan Calderón de la Barca yn 1876.
Boarne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Cadenas y Vinent, Vicente de - 1986 Extracto de los Expedientes de la Orden de Carlos III (1771-1847), diel 9. hjir