Springe nei ynhâld

Fûgelmuseum Piaam

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan 't Fügelhûs)

Natoerhistoarysk Fûgelmuseum Piaam wie in museum oan de Buorren yn Piaam.

It museum waard ein santiger jierren fan de 20e iuw oprjochte yn it eardere grifformearde tsjerkje fan Piaam troch in wurkgroep fan natoerleafhawwers. De kolleksje bestie benammen út opsette fûgels. Der waard ek in presintaasje jûn oer de bûtendykske, fûgelrike waarden. De mear as 200 fûgels út de omkriten binne kennen te learen middels opstelde diorama’s. Troch de kompjûter kinne in soad fragen beändere wurde. Ut it museum wei kin in natuerrûte folge wurde.

It Fûgelhûs wie fan april-novimber iepen. Yn 1982 waard it museum opnomd yn de Aldfaers Erf-rûte. Frijwilligers en wurkgroep hâlden it draaiende, mar doe't dy der yn 2002 mei ophâlden waard it hurd minder. It slagge net om it by in natoerorganisaasje ûnder te bringen en begjin 2010 gie it ticht.