Ynternasjonaal Filmfestival fan São Paulo

Ut Wikipedy
Ynternasjonaal Filmfestival
fan São Paulo
plak en tiid
lân Brazylje
steat São Paulo
plak São Paulo
tiid fan it jier oktober
bysûnderheden
ôfkoarting MICSP
soarte evenemint filmfestival
bestean 1977 – no
org. troch ABMIC
offisjele webside
www.mostra.org

It Ynternasjonaal Filmfestival fan São Paulo (Portegeesk: Mostra Internacional de Cinema de São Paulo) is in filmfestival dat elts jier yn oktober holden wurdt yn 'e Brazyljaanske stêd São Paulo. It waard oprjochte yn 1977, doe't filmkritikus Leon Cakoff besleat om it tritichjierrich bestean fan it Keunstmuseum fan São Paulo (MASP) te fieren mei in eigen manifestaasje op it mêd fan 'e filmkeunst.

In fertoaning fan Nosferatu, út 1922, op in filmskerm yn 'e iepen loft foar in publyk fan 15.000 man op it Ynternasjonaal Filmfestival fan São Paulo fan 2012.

Op 'e earste edysje fan it festival waarden yn totaal 16 lange en 7 koarte films fertoand, dy't ôfkomstich wiene út 17 ferskillende lannen. Tsjintwurdich wurde elts jier op it Ynternasjonaal Filmfestival fan São Paulo 330 of mear films fertoand. Mei't Brazylje yn 'e 1970-er jierren en iere 1980-er jierren suchte ûnder in militêre diktatuer, soarge de sensuer de earste sân jier fan it bestean fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan São Paulo foar in protte swierrichheden.

It Ynternasjonaal Filmfestival fan São Paulo is no ien fan 'e mear foaroansteande filmfestivals fan Latynsk-Amearika. Yn it ferline hat it festival as spesjale gasten û.o. ferwolkomje mocht: Dennis Hopper, Pedro Almodóvar, Jane Birkin, Claudia Cardinale, Quentin Tarantino, Wim Wenders, Atom Egoyan en Geraldine Chaplin.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.