Yngling

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Yngling
Yngling.jpg
Seilteken fan {{{Namme}}}
Seilteken
Lingte 6,35 m
Breedte 1,73 m
Djipgong 1,05 m
Gewicht 645 kg
Bemanning trijepersoans
Seiloerflak 15,83 m²
Untwerp Jan Herman Linge
Jier 1967

In Yngling (útspraak "jing-ling") is in type sylboat dy't troch de ynternasjonale Yngling Assosjaasje faak omskreaun wurdt as in krusing tusken in dinghy en in kylboat. Dizze boat wurdt ek wol sjoen as in lytsere ferzje fan de 26 foets-Soling, al binne der ferskillen yn de ôfmjittings, en is dizze makliker te ferfieren en goedkeaper yn oanskaf en ûnderhâld. De boat hat in totale lingte fan 6,35 m (21 ft) en waacht 645 kg (1422 lb). In bekende Ynglingsiler is Maarten Jamin fan De Jouwer.

De Yngling is yn 1967 ûntwurpen troch de Noar Jan Herman Linge. Syn bedoeling wie om in kylboat te bouwen foar syn soantsje en neamde it dêrom Yngling, it Noarske wurd foar jongkeardel; de namme Yngling hat gjin assosjaasje mei it Hûs Ynglinge (in keninklik laach yn Noarwegen) of de Ynglingesaga.

De Yngling is ûntwurpen om te silen mei in twa- of trijekoppige bemanning en mei in kombinearre gewicht oant 225 kg (500 lb). Foar Ynglings is in fereaske om genôch driuwkrêft te hawwen om, sels as dy mei folsleine bemanning folrûn is mei wetter, driuwen te bliuwen. De Yngling is yn maaie 1979 as ynternasjonale klasse akseptearre. De Yngling krige syn ISAF-status as ynternasjonale klasse yn 1979 en waard keazen ta de olympyske sylboat foar froulju foar de Spullen fan 2004 en 2008. De klasse komt net wer werom op de Spullen fan 2012.

Fanôf 2010 makket de Yngling diel út fan de Vintage Yachting Games Organisatie.

De Yngling hat in grutseil, in fok en in spinnaker. Fergelike mei de Laser, hat dizze boat in better útbalansearre túch en is tige direkt op it roer en, hoewol't de Yngling net sa snel is as de Soling, is hy wendberder en reagearet hurder. Eigenskippen dy't him tige begrûksfreonlik meitsje.

Mear as 4.000 Ynglings binne oant no ta boud en der wurdt benammen yn Europa, Noard-Amearika en Austraalje mei syld. Sadree't de boat syn olympyske status krige kaam der in hausse yn it bouwen hjirfan en al gau waarden in tal ferfinings fan it ûntwerp trochfierd.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: