Fok (seil)

Ut Wikipedy

In fok is ien fan de seilen fan in sylboat.

Fok (1) & Klúffok

De fok (1) is op moderne, lânstúgde skippen it seil dat foar de mêst hyst wurdt. De fok wurdt fêstmakke oan de foarstaach, wurdt fêstsetten op de punt fan de boat (op de boech en wurdt oan de foarkant yn de mêst hyst oant boppe-yn of oant op 85% fan de hichte fan de mêst (7/8 túgd). De fok hat in lytser oerflak as it grutseil (hoewol't dy regel foar de spesjale foarseilen fan moderne skippen net mear op liket te gean).

Foar de fok kin de kluiver (2) fierd wurde.

Op de klassike dwerstúgde skippen wie de fok it ûnderste dwerstúgde seil oan de foarste mêst.

Op de moderne sylskippen besteane twa manieren om by oanheljende wyn het seiloerflak fan de fok te ferlytsjen. Klassyk is it om dan in lytser seil te setten, tsjintwurdich hawwe in soad fan de gruttere skippen in rôlfok, dy't út de kúp wei grutter/lytser makke wurde kin.

Meardere typen fok yn oprinnende grytte:

De namme komt fan de eardere stêd Phocaea yn Turkije dêr't dit type seil útfûn waard.