Wynenerzjy
Ut Wikipedy
Windenerzjy is enerzjy dy't wûn wurdt troch de bewegingsenerzjy fan loft (wyn) om te setten yn in brûkbere foarm, bygelyks yn elektrisiteit.
Eartiids waard wynenerjy mei wynmoles direkt omsetten yn meganyske arbeid, bygelyks om nôt te meallen ta moal of om wetter te ferpompen. Tsjintwurdich wurdt it wurd wynenerzjy meast brûkt foar de elektryske enerzjy dy't mei in wynturbine út de wyn wûn wurdt. Guon produzinten ffan wynturbines sprekke ek wol oer wynenerzjykonvertoaren.
Foardielen fan wynenerzjy [bewurkje seksje]
- fermindering fan it brûken fan fossile brânstoffen en dêrmei fermindering fan de dêrby hearrende fersmoarging en CO2-útstjit[1]
- de duorsumheid fan wynenerzjy[1]
- minder ôfhinklik wurde fan oaljeprodusearjende lannen[2]
- lokale enerzjyopwekking by it ûntbrekken fan de oansluting op in regionaal distribúsjenetwurk.
Neidielen fan wynenerzjy [bewurkje seksje]
- * de hegere kosten, oardel oant trije kear sa djoer as grize, wat mominteel troch subsydzjes opfong wurdt.
- de wynsnelheid is tige feroarlik en min yn te skatten[3]
- ynpassing fan wynmoles yn it lânskip dy't as horizonfersmoaring field wurdt)[4]
- foar de produksje fan wynmoles binne stiel en keunststof nedich wêrfan it winnen in kostber, fersmoargjend en enerzjy-yntinsyf proses is (al wurdt de hjirfoar nedige enerzjy troch de produsearre mole sels yn sa. 6 moannen opwekt; de sahjitten enerzjyweromfertsjintiid)[5]
- fûgels wurde troch wynmoles út de loft slein; in rige wynmoles is foar fûgels sawat like gefaarlik as in snelwei,[6] sommige fûgelsoarten (bg. einen) bliuwe hûnderten meters út de buert wêrtroch't harren habitat ferlytse wurdt
- Flearmuzen komme om troch de drukferskillen by rotorblêden[7]
- slachskaad en lûdsoerlêst foar omwenjenden[8][9]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wind farms fan Wikimedia Commons. |
