Iemdyk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De buorren fan Iemdyk(2009)
Pontsje oer de Iem nei Iemdyk (2009)

Iemdyk is in dykdoarpke oan de rivier de Iem yn de gemeente Bunskoat leit. It doarp hat likernôch 800 ynwenners.

Doarp[bewurkje seksje | edit source]

Iemdyk is ûntstien yn de 15e ieu as Dykhuzen, nei de oanlis fan de seedyk, dy't de Fean- en Fjildendyk hjit. Iemdyk is in dykdoarp mei amper ekonomyske aktiviteit. Yn it doarp rint de Bikkersfeart út yn de Iem. Dy feart is yn 1641 groeven as farferbining mei Bunskoat. De buorren fan Iemdyk hiet eartiids 'It Haventsje' of de 'Bikkershaven'. It hjoeddeiske doarp is, útsein de dykbebouwing fan Dykhuzen, hast hielendal boud yn de tritiger jierren fan de 20e ieu.

Pontsje[bewurkje seksje | edit source]

It doarp hat in pontsje. By dit pontsje nom Drs. P yn 1973 it filmke op foar syn liet De veerpont. (De fearpont). As passazjiers op it pontsje farre ek de solisten Daniël Samkalden en Maarten Veerman by it lietsje 'Wij zijn kwaad' (Wy binne lulk) yn Kinderen voor Kinderen 10. It pontsje is al in stik âlder; yn de 19e ieu stie it al op 'e kaart. Yn 1960 krige it oan beide siden fan de Iem in eigen haventsje. De hjoeddeiske pont is yn 1980 yn gebrûk nomd.

Eilân[bewurkje seksje | edit source]

Dêr't foar Iemdyk oer it pontsje oanleit, leit it no praktysk ûnsichtbere eardere eilantsje 'De Helling'. Sa't de namme al seit waard dat plak brûkt om oan skippen te wurkjen. By leechwetter lieten skippers dêr yn de santjinde en achttjinde ieu harren skip droechfalle.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

  • Iemdyk hat in eigen fuotbalferiening: fuotbalferiening Eemdijk.
  • Yn Iemdyk sit ien basisskoalle: de "skoalle mei de bibel".
  • Der binne trije tsjerken: in grifformearde -, in frijmakke - en in kristlik grifformearde tsjerke. Yn it kristlike doarp binne hast gjin winkels en op snein is der noch gjin iisko te keap, ek it pontsje fart dan net.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Koos Termorshuizen en Jos Wassink - De Eem, verborgen rivier