Wire
Wire | ||
band | ||
Wire yn 2008 | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Britsk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
sjenre | Punk | |
bestean | 1976–1980, 1985–1992, 1999–No | |
label(s) | Harvest, Mute, Pinkflag | |
âld-leden | George Gil gitaar (1976–1977), Bruce Gilbert gitaar (1976–2004) | |
leden | ||
Sang & Gitaar |
Colin Newman | |
Gitaar | Matthew Simms | |
Bas | Graham Lewis | |
Drums | Robert Grey |
Wire is in Ingelske punkband oprjochte yn 1976 yn Londen. De band brocht yn 1977 syn debútalbum Pink Flag út. Yn 1980 waard de band opheft, mar yn 1985 waard in trochstart makke, om yn 1992 der wer mei op te hâlden. Fanôf 1999 is de band wer aktyf. Wire hat santjin studio-albums en seis live-albums útbrocht.
Gearstalling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Colin Newman is de foaroanman fan de formaasje; de oare trije leden binne Bruce Gilbert as gitarist, Robert Grey (alias Robert Gotobed) as drummer en Graham Lewis as bassist en meisjonger. Gotobed ûntsloech himsels yn 1990 om't er himsels net mear noadich achte doe't de groep in kar makke foar elektroanika — dêrop feroare de band har namme ta trije letters: Wir, lykwols sûnder de útspraak /waıə/ te wizigen. As Wir wurdt ien album útbrocht. Nei de weromkomst fan Robert Grey yn 2000 waard de namme feroaring wer ûngedien makke.
Punkrock
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wire wie ynearsten in punkrockgroep. Har earste album Pink Flag, út 1977, is in skoallefoarbyld fan simpele punk mei aparte net regelmjittige songstrukturen en in grut oantal tige koarte nûmers, fan soms amper in heale minút. Op dat album stie ek it nûmer 'Mannequin', dat in ier new wave-ikoan wurden is. Yn 1978, mei Chairs Missing, waard de simpele punk al wat tebek set. Producer Mike Thorne soarge foar fernijende syntesizerkonstruksjes dy't it stimmige, evokative karakter fan de groep stal joech.
Eksperiminteel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan it album 154 ôf yn it dêrop folgjende jier waard noch mear eksperimintearre. Soks is goed te hearren oan de ynmoedige tsjustere nûmers 'A Touching Display' en 'The Other Window' en oansteklike popdeuntsjes as 'Map Ref. 41°N 93°W' en 'The 15th'. Lykwols late dizze twaspjalt ta ferskillende stilistyske rjochtingen, wat opfalt yn it live-album Document and Eyewitness is dat it fol stiet mei eksperiminteel materiaal.
Soloprojecten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei 1981 foel Wire de fakto út elkoar en gongen de bandleden har eigen wei. Colin Newman gie solo, Gilbert en Lewis foarmen de band Dome. Yn 1985 kaam de band wer by elkoar. It wurk dat se fan doe ôf makken gong hieltyd mear de kant út fan elektroanyske muzyk, wêrtroch't drummer Gotobed oerstallich waard. Yn de 90-jierren wurken de bandleden meast oan har eigen projekten, it ienige album fan it trijemanskip is The First Letter dat mei mingde reaksjes ûntfongen waard. Pas yn 1999 geane de bandleden har wer mear mei Wire bemuoien en ûntwikkelje in oare styl mei hoekige gitaarpartijen en snelle drums. Twa EP's en it album Send wurde útbrocht.
Ynfloed
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wire wurdt troch in protte letter rockgroepen sjoen as in wichtige ynspiraasjeboarne. Nettsjinsteande in lytske tal platen dat fan de band ferkocht binne, is har reputaasje mânsk en falt te fergelykjen mei bands as The Velvet Underground.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Studio-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op | Label | Single(s) |
---|---|---|---|
Pink Flag | novimber 1977 | Harvest | Dot Dash, Options R |
Chairs Missing | 8 septimber 1978 | I Am the Fly, Outdoor Miner, A Question of Degree | |
154 | 21 septimber 1979 | Map Ref. 41°N 93°W | |
The Ideal Copy | april 1987 | Mute | Ahead |
A Bell Is a Cup... Until It Is Struck | 16 maaie 1988 | Kidney Bingos, Silk Skin Paws | |
It's Beginning to and Back Again | maaie 1989 | Eardrum Buzz, In Vivo | |
Manscape | 15 maaie 1990 | Life in the Manscape | |
The Drill | april 1991 | In Every City? | |
The First Letter | 14 oktober 1991 | So And Slow It Grows | |
Send | 28 april 2003 | Pinkflag | |
Object 47 | 7 july 2008 | ||
Red Barked Tree | 20 desimber 2010 | ||
Change Becomes Us | 18 maart 2013 | ||
Wire | 13 april 2015 | Joust & Jostle | |
Nocturnal Koreans | 22 april 2016 | ||
Silver/Lead | 31 maart 2017 | Short Elevated Period, Diamonds In Cups | |
Mind Hive | 24 jannewaris 2020 | Cactused, Primed and Ready |
Live-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op | Label |
---|---|---|
Document and Eyewitness | july 1981 | Rough Trade |
It's All in the Brochure | maaie 2000 | Pinkflag |
Wire on the Box: 1979 | 4 oktober 2004 | |
The Scottish Play: 2004 | 28 maart 2005 | |
Live at the Roxy, London – April 1st & 2nd 1977/Live at CBGB Theatre, New York – July 18th 1978 |
13 novimber 2006 | |
The Black Session: Paris, 10 May 2011 | 14 febrewaris 2012 |
Kompilaasje-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op |
---|---|
And Here It Is...Again... | novimber 1984 |
Wire Play Pop | maart 1986 |
In the Pink | augustus 1986 |
On Returning (1977–1979) | july 1989 |
The Peel Sessions Album | jannewaris 1990 |
1985–1990: The A List | 17 maaie 1993 |
Behind the Curtain: Early Versions 1977 & 78 |
5 maaie 1995 |
Turns and Strokes | maaie 1996 |
Coatings | 21 oktober 1997 |
PF456 Redux | april 2003 |
10:20 | 19 juny 2020 |