William Frost

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

William (Bill) Frost (Saundersfoot, 28 maaie 1848 - maart 1935) wie in Welsk timmerman en amateurfleander, dy't neffens guonts, in bemanne flecht makke yn fleanmasine dy't er sels ûntwurpen hie.

Patinttekening foar de Frostfleanmasine

Frost wie timmerman en wenne it grutste part fan syn libben yn Saundersfoot, in doarpke yn Pembrokeshire, oan de kust fan 'Súd-Wales. Syn heit wie John Frost en syn mem Rebecca Frost. Yn de 90er jierren fan de 19e ieu krige er it idee om in fleamasine te meitsjen. It slagge him en bou de "Frost Airship Glider", yn prinsipe in soarte fan kombinaasje fan loftskip (mei twa gastenks) en helikopter.[1]Ut de patintbeskriuwing:

The flying machine is propelled into the air by two reversible fans revolving horizontally. When sufficient height is gained, wings are spread and tilted by means of a lever, causing the machine to float onward and downward. When low enough the lever is reversed causing it to rise upward & onward. When required to stop it the wings are tilted so as to hold against the wind or air and lowered by the reversible fans. The steering is done by a helm fitted to front of machine.

De patintomskriuwing sprekt himsels in bytsje tsjin omdat de folgende paragraaf seit: The steering is done by a rudder at both ends.

Skriuwer Byron Rogers beskriuwt de fleanmasine [2] as "diels ballon (gassylinders joegen it lift), foar in part sweeffleanmasine mei oandriuwing, trapers dreaune in propeller oan as by in helikopter."[3] It is net wis hokker gas at Frost brûkt hat, mar wetterstofgas leit foar de hân omdat it frijwat maklik te meitsjen is. [4]

Der waard sein dat Frost in flecht makke op of om 24 septimber 1896. Waarnimmers seinen dat de masine sa'n 500 meter fleach en doe yn de beammen bedarre. Dat soe betsjutte dat er oer de 120 foet yn 12 sekonden fan de bruorren Wright har earste motorisearre flecht hinne gien wie. De oare nachts waard de masine yn in fûle stoarm ferneatige en de brokstikken oer it fjild ferspraat.

Spitichernôch is de flecht, dy't blykber wol tsjûgen hie, net offisjeel fêstlein en allinne yn it ûnthâld fan pleatslike minsken bewarre bleaun. Hoewol't Frost frijwat earm wie, frege er patint oan en dat waard ek akseptearre en fêstlein yn Londen op 25 oktober 1894 ûnder nûmer 1894-20431. It patint ferrûn lykwols fjouwer jier letter om't Frost gjin jild hie om it te ferlingen. Frost stoar sûnder wolstân en erkenning yn 1935.


Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. European Patent Office GB189420431
  2. Oernaam út it boek "A Pembrokeshire Pioneer" troch Roscoe Howells
  3. "A Pembrokeshire Pioneer Welsh Wizard Prang" yn The Spectator. Rieplachte 18 maaie 2008
  4. BBC-programma Coast, útsjoerd op 10 july 2011