Wilkie Collins

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wilkie Collins, foto Napoleon Sarony

Wilkie Collins (Londen, 8 jannewaris 1824 – dêre, 23 septimber 1889) wie in Britsk skriuwer (fan romans en koarte ferhalen), toanielskriuwer en essayist. Hy wie tige populêr yn de Fiktoriaanske tiid. Hy skreau 30 romans, mear as 60 koarte ferhalen, 14 toanielstikken en goed 100 essays.

Collins wie in tiidgenoat en freon fan Charles Dickens. In tal fan syn wurken waarden ek foar it earst yn yn Dickens syn tydskriften Household Words en All the Year Round publisearre. Collins is it meast ferneamd fan de romans The Woman in White (1860) en The Moonstone (1868), beide foarrinners fan de detectiveroman mei noch skaaimerken fan de Goatyske roman, Armadale en No Name.

De publikaasje fan The Moonstone soarge foar sensaasje om reden fan de beskriuwings fan opiumferslaving dy't de roman joech. Wilkie Collins basearre dy foar in part op syn eigen ûnderfinings mei opium. Troch dy ferslaving hie Collins op letter jierren hieltiid mear te lijen fan waanfoarstellings. De meast wûnderlike dêrfan wie syn oertsjûging dat er konstant beselskippe waard fan in dûbelgonger, dy't er "Ghost Wilkie" neamde.

Wilkie Collins wie de âldste soan fan keunstskilder William Collins en in broer fan Charles Allston Collins, dy't ek skildere. Yn 1848 publisearre er in biografy fan syn heit mei de titel Memoirs of the Life of William Collins, Esq., R.A.

Wuk[bewurkje seksje | edit source]

Wilkie Collins, 1850

Romans[bewurkje seksje | edit source]

  • Antonina, 1850
  • Basil, 1852
  • Mr Wray’s Cash Box, 1852
  • Hide and Seek, 1854
  • The Dead Secret, 1856
  • The Woman in White, 1860
  • No Name, 1862
  • Armadale, 1866
  • The Moonstone, 1868
  • Man and Wife, 1870
  • Poor Miss Finch, 1872
  • Miss or Mrs?, 1873
  • The New Magdalen, 1873
  • The Law and The Lady, 1875
  • The Two Destinies, 1876
  • The Haunted Hotel, 1878
  • The Fallen Leaves, 1879
  • A Rogue’s Life. From his birth to his marriage, 1879
  • My Lady’s Money, 1879
  • Jezebel’s Daughter, 1880
  • The Black Robe, 1881
  • Heart and Science, 1883
  • „I Say No“, 1884
  • The Evil Genius, 1886
  • The Guilty River, 1886
  • The Legacy of Cain, 1889
  • Blind Love, 1889

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]