Napoleon Sarony

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Napoleon Sarony, selsportret

Napoleon Sarony ( Quebec, 1821New York City, 9 novimber 1896) wie in Amerikaansk litograaf en fotograaf.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Sarony ferhuze mei syn famylje yn 1836 nei New York. Dêr wurke er yn it earstoan as yllustrator foar Currier and Ives, om 1843 in eigen litografy-saak te begjinnen yn'e mande mei James Major, ‘Sarony & Major’, letter ‘Sarony and Company’ neamd. Yn 1867 iepene er in ferneamde fotostudio oan Union Square. D6er ûntjoech er him ta ien fan ferneamdste portretfotografen fan syn dagen. Sa fotografearre er ûnder oaren de boargeroarloch-generaal William T. Sherman, de skriuwers Mark Twain en Oscar Wilde en ferneamde stjerren fan it Amerikaansk teäter út de twadde helte fan de 19e ieu, ûnder wa't Sarah Bernhardt wie. Faak makke er gebrûk fan stereoskopy.

In portret fan Oscar Wilde late yn 1884 ta in rjochtssaak en lang om let ta de earste wetlike omskriuwing fan it begryp copyright. Copyright hie yn dy dagen oars in wat oare lading as hjoeddeisk. It wie wenst dat fotografen de fan harren fotografearre persoanen (bot) betellen om te posearjen en dêrnei sels it rjocht hiene om de foto's te ferkeapjen. Sa betelle Sarony bygelyks oan Sarah Bernhardt $1.500 om te posearjen (dat soe no sa'n $20.000 wêze).

Famylje[bewurkje seksje | edit source]

Sarony troude twaris. Syn earste frou stoar yn 1858; syn twadde, Louie, is fan witten dat hja oerhinge nei eksintryk hâlden en dragen mei in foarleafde foar útwrydske klaaiïng dy't hja faak mar ien middei oanhie en dan werombrocht nei de winkel.

Oliver François Xavier Sarony, syn broer, wie ek portretfotograaf, dy't meast yn Ingelân wurke; hy stoar yn 1879. Napoleon hie in soan Otto (1859–1903).

Sarony waard beïerdige op begraafplak Green-Wood yn Brooklyn.

Galery[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]