Wikipedy:Betingsten topside

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Topsiden binne siden dy't wy as ús bêste wurk sjen litte. Hja binne better as de trochsnee siden en meitsje dat ûnderskied troch in profesjonele opset en dúdlike ynhâld. Hja foldogge dêrneist oan de algemiene regels dy't jilde foar alle siden op de Fryske Wikipedy.

  1. Hja binne—
    • (a) poerbêst skreaun: de tekst is ynformatyf en dúdlik;
    • (b) wiidweidich : de tekst jout genôch ynformaasje oer it ûnderwerp dat beskreaun is. Grutte feiten en wichtige foarfallen meie net ûntbrekke;
    • (c) feitlik: der is ûndersyk dien en de side is betrouber. Relevante boarnen binne nedich om de ynhâld hifkje te kinnen;
    • (d) neutraal: de side wurdt op in ensyklopedyske wize skreaun (objektivens); en
    • (e) stabyl: op de side is gjin bewurkingskriich geande en de ynhâld mei net hieltyd feroarje.
  2. Hja foldogge oan de Wikipedy-styl
    • (a) ynlieding: in beskriuwing fan wat de lêzer ferwachtsje kin fan de side;
    • (b) haadstikken/seksjes: de side heart passende seksjes, alinea's en listen te hawwen.
  3. Media. Media (yn de measte gefallen ôfbylden) dy't op de side brûkt wurde hawwe in krekte copyright-status en in omskriuwing. De ôfbylden, sa't dy op de side toand wurde, hawwe dúdlike ûnderskriften. Brûk ôfbylden as it nedich is. Ofbylden kinne krekt wat mear ynformaasje jaan, mar tefolle ôfbylden skeint it oersicht.
  4. Langte. De klam leit op it haadtema fan de side sûnder al te langtriedderich te wurden yn dizenige details. Details kinne op dochtersiden fierder, better en wiidweidiger omskreaun wurde. Lykwols moat der al in 'slutende definysje' oer it ûnderwerp fan side jûn wurde, mei alles wat relevant is om it ûnderwerp sels te omskriuwen. It komt derop del dat in topside sawol lang as koart wêze kin.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]