Wikipedy:Objektivens

Ut Wikipedy

Wikipedia wol in algemiene ensyklopedy wêze, wêryn safolle mooglik kennis sa folledich mooglik werjûn wurdt, fanút in neutraal stânpunt. (Yn de Ingelske Wikipedia Neutral point of view of NPOV).

Neutraal stânpunt[boarne bewurkje]

In neutraal stânpunt hâld yn dat besocht wurdt ideeën en feiten op sa'n wize te presintearjen dat sawol foar- as tsjinstanners dêr fierder mei kinne. Komplete tefredenens is min te berikken; der binne no ienkear ideologyen dy't gjin oare presentaasje akseptearje kinne as in iensidige foarstelling fan harren eigen ideeën. Wat wol besocht wurde kin, is in manier fan skriuwen te finen dy't akseptabel is foar alle 'reedlike' persoanen, nettsjinsteande harren ferskillende mieningen.

Miening as miening en miening as feit[boarne bewurkje]

De maklikste manier om in mear ensyklopedyske beskriuwing te krijen is nei alle gedachten om mieningen as mieningen wêr te jaan, yn stee fan se as feiten te presintearjen. Wol binne bygelyks de oertsjoegings fan in geloof, oer wat dan ek, op himself in objektyf feit (it feit dat dy minsken dat leauwe). Dêrom kinne dy dingen relatyf maklik fan in neutrale optyk út beskreaun wurde. As der ferskillende mienings binne moatte die fansels al allegear oan bod komme.

De tsjutting fan de skiednis[boarne bewurkje]

The Wikipedia is governed by the impartiality.

Foarfallen dy't nasjonale gefoelens reitsje, of dy't in rêkflak hawwe mei in dúdlike opiny of fêste oertsjoeging fan josels, fergje de nedige ynspanning, omdat jo net allinnich mei mieningen en konklúzjes fan in oar te meitsje hawwe, mar ek mei dy fan josels. Dan is it nedich dat jo jo opiny of oertsjoeging op dy side mei deselde neutraliteit beskriuwe as oare opinys, en dat kin in bytsje sear dwaan. Oare foarbylden hjirfan binne libbenskôgende en religieuze ûnderwerpen.

It is somtiden net ienfâldich om jo eigen, fêste oertsjoeging fanút in neutraal stânpunt te beskriuwen. Dochs is it krekt de beskriuwing fanút in neutraal stânpunt dy't de oannimlikens ferheget, ek fan jo opiny. Minsken lêze o sa maklik tusken de rigels troch en fiele harren gauris manipulearre as se dêr in opiny lêze, om't dat net is wat se ferwachtsje fan in ensyklopedy. Lit us probearje dit effekt hjir foar te kommen en as nedig elkoar dêrby te helpen.

Fryslân[boarne bewurkje]

Tink der ek om dat dizze ensyklopedy net in ensyklopedy fan Fryslân is. Al wennet it grutste part fan ús lêzers yn Fryslân, en komme Fryske saken gauris earder oan bod, wy skriuwe úteinlik oer hiel de wrâld. En dêrby past om ek te skriuwen fóár hiel de wrâld. Wy witte wol wat "ús provinsje" is, en wa "ús keninginne", mar ús tekst is oannimliker as dy skreaun wurdt út it perspektyf fan in bûtensteander.