Springe nei ynhâld

Wiert Berghuis

Ut Wikipedy
Wiert Berghuis
politikus
Berghuis, 1966
Berghuis, 1966
echte namme Wiert Pauwel Berghuis
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 25 april 1911
berteplak Easterein
stjerdatum 29 desimber 1989
stjerplak Kampen
etnisiteit Frysk
partij ARP

Wiert Pauwel Berghuis (Easterein, 25 april 1911Kampen, 29 desimber 1989) wie in Nederlânsk politikus, lid fan de Anty-Revolúsjonêre Partij en de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân.

Hy wie in soan fan Jakob Albertus Berghuis, grifformeard dûmny, en Kornelia Klazina Veenkamp. Hy boaske op 3 july 1940 oan Margaretha Talina Helena Groenveld. Sy krigen 2 soannen en 3 dochters.

Berghuis studearre rjochten oan de Frije Universiteit yn Amsterdam, en promovearre yn 1937 op in proefskrift mei de titel Het rechtskarakter der ambtenaarsverhouding. Op 9 maaie 1940 waard Berghuis boargemaster fan Smilde. Novimber 1941 joech er dat amt oer nei in slim konflikt mei de NSB en de besettersautoriteiten. Yn 1942-1944 waard er gizele yn it kamp Sint-Michielsgestel. Doe't er frij kaam dûkte er ûnder fanwege syn belutsenens by de groep om de yllegale fersetskrante Trouw. Nei de oarloch waard er op 'en nij boargemaster fan Smilde, en fan 1952 ôf fan Kampen.

Yn 1956 waard er lanlik foarsitter fan de ARP. Yn 't earstoan wie er konservatyf, mar, ûnder mear troch de saak Nederlânsk Nij-Guneä, skode er op nei lofts, wat yn 1965 late ta syn betinken dat oparbeidzjen mei de PvdA winslik wie. Ut reden fan sûnens trede er yn 1968 ôf as partijfoarsitter; yn 1970 joech om deselde reden syn boargemasterwêzen fan Kampen oer. Hy naam ôfskied fan de polityk yn 1977 doe't er nei 20 jier de Earste Keamer ferliet. In jier letter, yn de affêre-Aantjes, liet er noch ien kear fan him hearre.

Doe't yn 1980 it CDA foarme waard, wegere Berghuis der lid fan te wurden.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]