Westlân (gemeente)

Ut Wikipedy
Westlân
Westland
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Súd-Hollân
boargemaster Bouke Arends (PfdA)
sifers en geografy
haadplak Naaldwijk
grutste plak 's-Gravenzande
ynwennertal 115.903 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens 601 / km²
oerflak 90,74 km²
● wêrfan lân 81,27 km²
● wêrfan wetter 9,47 km²
tal stêden 1
tal doarpen 9
ferkearsieren A4 A20 N222 N223
skiednis
oprjochte 2004
foar 2004 De Lier
's-Gravenzande
Monster
Naaldwijk
Wateringen
oar
netnûmer 0174
postkoade 2291, 2292, 2295, 2671–2673, 2675, 2676, 2678, 2681, 2684, 2685, 2691–2694
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.gemeentewestland.nl
Dizze side giet oer de gemeente. Foar de krite dêr't de gemeente yn leit, sjoch: Westlân (krite).

Westlân (Nederlânsk en offisjeel: Westland) is in gemeente yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân yn de krite Westlân. De gemeente is part fan de Metropoalregio Rotterdam-De Haach en hat 115.903 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) op in lânoerflak fan 81,27 km².

De gemeente ûntstie op jannewaris 2004 nei in gemeentlike weryndieling dêr't de gemeenten De Lier, 's-Gravenzande, Monster, Naaldwijk en Wateringen by gearfoege waarden. De twa oare Westlânske gemeenten Maasland en Schipluiden waarden doe by de gemeente Midden-Delflân foege.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de gemeentlike weryndieling bestie it Westlân út sân selsstannige gemeenten. Yn 'e 1960-er jierren kaam it túnkersgebiet hieltyd mear ynklamme tusken de stedske buorgemeenten De Haach en Delft. Yn de iere 1990-er jierren waard in ûndersyk dien oft it ek foardiel opleverje soe by in mooglike fúzje tusken de gemeenten. It ûndersyk smiet yn 2001 op dat fúzje fan de sân gemeenten better wie om sterker te stean rjochting de grutte buorgemeenten. De ferskate gemeenterieden wiene it lykwols net folslein iens oer de fariant en doe waard dêrnei op 19 septimber 2001 in referindum holden ûnder de befolking. Doe't nei dy referindums it noch net alhiel dúdlik waard, naam de provinsje Súd-Hollân de rezjy oer. Dy kamen op mei in fariant en lieten de gemeenten dêr op reagearje. Dêrnei stjoerde de provinsje de oanrekomandaasje nei it Ministearje fan Ynlânske Saken dy't der in wetsfoarstel fan makke. Dat foarstel waard oan de ministerried foarlein, dy't dêr mei ynstimde.

Op 22 maaie 2003 waard de wet sûnder stimmen troch de Twadde Keamer oannommen en op 17 juny 2003 as hammerstik troch de Earste Keamer ôfdien. Mei yngong fan 1 septimber 2003 waard de "wet gemeentlike weryndieling Westlân" yn wurking steld, dêr't yn stie dat de gemeenten De Lier, 's-gravenzande, Maasland, Monster, Naaldwijk, Schipluiden en Wateringen opheft wurde soe. Mei yngong fan de datum fan weryndieling, 1 jannewaris 2004 soene de gemeenten westlân en Midden-Delflân offisjeel ta libben komme.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lizzing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gemeentekaart fan de gemeente Westlân

De gemeente Westlân leit yn it westen fan de provinsje Súd-Hollân. De gemeente grinzget yn it noarden oan De Haach, yn it noardeasten oan Rijswijk, yn it easten oan Midden-Delflân, yn it súdeasten oan Maasslûs en yn it suden oan de yn 2014 ophefte dielgemeente Hoek fan Hollân fan de gemeente Rotterdam. Oan de westkant hat de gemeente in natuerlike grins mei de Noardsee dêr't er in 8 kilometer lange strân hat, foar de plakken 's-Gravenzande en Monster, dy't fan Kijkduin oant Hoek fan Hollân rint.

De gemeente is part fan de Metropoalregio Rotterdam-De Haach en fan it wetterskip Delflân (Hoogheemraadschap Delfland).

Kearnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente bestiet út alve offisjele kearnen:

Kearn Ynwenners
(2023)[1]
De Lier 12.830
's-Gravenzande 23.470
Heenweg 680
Hontselersdijk 7.790
Kwintsheul 4.405
Maasdijk 4.570
Monster 14.410
Naaldwijk 22.720
Poeldijk 7.615
Ter Heijde 740
Wateringen 16.335

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Súd-Hollân
Flagge fan de provinsje Súd-Hollân
Flagge fan de provinsje Súd-Hollân
Alblasserdam - Albrandswaard - Alfen oan de Ryn - Barendrecht - Boadegraven-Reeuwijk - Capelle oan de Isel - Delft - Doardt - Flaardingen - Foarne oan See - Goeree-Oerflakkee - Gorkum - Gouda - De Haach (haadstêd) - Hardinxveld-Giessendam - Hendrik-Ido-Ambacht - Hillegom - Hoekske Waard - Kaag en Braassem - Katwyk - Krimpen oan de Isel - Krimpenerwaard - Lansingerlân - Leiderdorp - Leien - Leidskendam-Foarburch - Lisse - Maasslûs - Midden-Delflân - Molelannen - Nieuwkoop - Nissewaard - Noardwyk - Oegstgeest - Papendrecht - Pijnacker-Nootdorp - Ridderkerk - Rijswijk - Rotterdam - Skiedam - Sliedrecht - Teylingen - Voorschoten - Waddinxveen - Wassenaar - Westlân - Zoetermeer - Zoeterwoude - Zuidplas - Zwijndrecht
wizigje
Westlân
Stêd:
's-Gravenzande
Doarpen:
De LierHeenwegHontslersdijkKwintsheulMaasdijkMonsterNaaldwijkPoeldijkTer HeijdeWateringen
Wetter:
Gantel
wizigje