We Were in Love

Ut Wikipedy
We Were in Love
algemiene ynformaasje
artyst Toby Keith
album Dream Walkin'
taal Ingelsk
sjenre countrymuzyk
útbrocht 9 juny 1997
opnommen 1997
doer 4:20
label Mercury Records
skriuwer Chuck Cannon en Allen Shamblin
komponist Chuck Cannon en Allen Shamblin
produsint James Stroud en Toby Keith
resultaten
hitlisten nû. 2 yn de Feriene Steaten
nû. 2 yn Kanada

We Were in Love is in liet fan 'e Amerikaanske sjonger Toby Keith. It heart ta it sjenre fan 'e countrymuzyk.

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

We Were in Love waard skreaun en komponearre troch Chuck Cannon en Allen Shamblin, en produsearre troch Keith sels en James Stroud foar platemaatskippij Mercury Records. De byhearrende fideoklip waard regissearre troch Michael Salomon. We Were in Love waard op 9 juny 1997 útbrocht as de earste fan fjouwer singles fan it album Dream Walkin'. (De oare singles fan dat album wiene I'm So Happy I Can't Stop Crying, ek útbrocht yn 1997, en Dream Walkin' en Double Wide Paradise, dy't beide yn 1998 ferskynden.)

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

We Were in Love, dat "We Wiene Fereale" betsjut, hat in doer fan 4:20 minuten en is skreaun yn it ik-perspektyf. De sjonger sjocht werom op 'e tiid dat er santjin jier wie en ferkearing hie mei in net neier oantsjutte persoan. Hy hellet oantinkens op oan dy tiid en rjochtet him dan tsjin syn eardere ferkearing en seit dat dyjinge noch altyd syn grutte leafde is, en dat er in manear fine wol om dy goeie âlde tiid werom te bringen.

Hitlisten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sawol yn 'e Feriene Steaten as yn Kanada berikte We Were in Love it twadde plak yn 'e countryhitlisten.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.