Watze Cuperus

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Watze Cuperus ( Blije, 30 april 1891 - Ljouwert, 19 augustus 1966), wie in Frysk skriuwer. Hy publisearre oant 1934 ûnder de skûlnamme 'Bouke fan Skeanebûrren'.

Cuperus wie fan 1928 oant 1956 meteropnimmer yn Marrum, en syn wurk spilet him meast ôf yn dizze omkriten. Hy levert in grutte bydrage oan it Frysk. De boeken fan Cuperus spylje benammen yn de krisisjierren. It swiere libben fan boer en boerearbeider is in weromkommend tema. Syn wurken hawwe in kristlik-sosjale ynslach. Meiinoar skreau Couperus 17 boeken, mear as 200 koarte ferhalen en in stik of wat toanielstikken.

Yn Blije is it 'Watse Cuperusplein' foar kafee 'Veldzicht'.

[bewurkje seksje] Bibliografy

  • Skeanebûrster folkslibben (1933)
  • Oarreheite Pet (1936]
  • Lânstoarm XI (1937)
  • De Gouden Tried, 3 dielen (1941-1950)
  • Oarreheite Erfskip (1943)
  • De Pipegaal (1947)
  • Doeke Daan (1948)
  • Swart mar leaflik (1949)
  • Hoeder en Skiep (1955)
  • Dû silst net stelle, toanielstik yn 4 bedriuwen (1955)
  • Libbensropping, toanielstik yn 4 bedriuwen (1956)
  • Striid en segen (healautobiografysk,1958)
  • De Sierlike Kroan (1964)
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen