W.H. van Eemlandt
W.H. van Eemlandt wie de skûlnamme fan de Nederlânske skriuwer Willem Hendrik Haasse (Rotterdam, 19 maaie 1889 – Baarn, 1 novimber 1955). Haasse wie lange tiid amtner yn Nederlânsk-Ynje en skreau nei't er werom yn Nederlân wie in rige detektiveromans mei as haadpersoan kommissaris Van Houthem. De skriuwster Hella Haasse wie syn dochter.
Haasse krige in oplieding foar de hannel en ferfear yn 1911 nei Ynje, dêr't er in jier letter by it Gûvernemint yn tsjinst kaam. Yn de oarlochsjierren waard er troch de Japanners ynternearre yn in finzenekamp. Nei de Japanske besetting waard er wer haadamtner, mar nei in koart skoft yn Australië gie er yn 1948 werom nei Nederlân.
Earst yn 1953 liet Van Eemlandt him kinne as skriuwer fan detektiveromans; úteinlik soe er 14 publisearje yn de Antilope Rige by Utjouwerij Het Wereldvenster. Nei syn ferstjerren makke syn dochter Hella Haasse syn boek De vijfde trede dien en detektiveskriuwer Joop van den Broek die itselde mei De schat van Aros Killee.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1. Weer Verdwijnt een Atoomgeleerde (1953)
- 2. Arabeske in Purper (1953)
- 3. Een Rubens op Drift (1953)
- 4. Kogels bij het Dessert (1954)
- 5. Dood in Schemer (1954)
- 6. Moord met Muziek (1954)
- 7. Schatgravers aan de Amstel (1954)
- 8. De Odeon-Moorden (1955)
- 9. Gevaarlijk "IJs" (1955)
- 10. Zwarte Kunst (1955)
- 11. Code Duizendpoot (1955)
- 12. Duister Duel (1955)
- 13. Schimmenspel op Zee (1956)
- 14. Afrikaanse Venus (1956)
- 15. De Vijfde Trede (foltôge troch Hella Haasse) (1957)
- 16. De Schat van Aros Killee (foltôge troch Joop van den Broek) (1958)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kees de Leeuw: W.H. van Eemlandt 1889-1955 yn Boekenpost nû.101, sept./okt. 2009, s. 11 o/m 13.