Vladimir Tsjertkov

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


Portret fan V. Tsjertkov troch Ilja Repin (±1890)

Vladimir Grigorjevitsj Tsjertkov (Владимир Григорьевич Чертков) (3 novimber 1854/22 oktober - 9 novimber 1936) wie in russysk skriuwer en sekretaris fan Lev Tolstoj, en ien fan de meast foaroansteande Tolstojanen.

Ynfloed fan Tolstoj[bewurkje seksje | edit source]

Yn oktober 1883 hie er de histoaryske moeting mei Lev Tolstoi yn Moskou dy't de rin fan syn libben folslein feroarje soe. Letter waard wol fan him sein dat er mear Tolstoi wie as Tolstoi sels.

Om syn ideaal fan morele selsferbettering te ferwêzentlikjen stoarte Tsjerkov him mei hert en siel op it ûnderwiis. Op inysjatyf fan Tolstoy sette Tsjertkov in útjouwerij mei de namme Intermediêr. Hy betelle alles ek. Intermediêr lei him spesjaal ta op it útbringen fan keunst en moralisearjende literatuer foar it folk yn 1885. Intermediêr wie de earste útjouwerij yn Ruslân dy't as doel hie it Russyske folk te ûnderwizen, nettsjinsteande de druk fan de keizerlike sensor en krityk fan de Russysk Ortodokske Tsjerke. De nije útjouwerij waard stipe fan grutte skriuwers: Tolstoi, Tsjekhov, Vladimir Korolenko, Vsevolod Garsjin en Nikolaj Leskov hawwe allegear skreaun foar Intermediêr.

Nei Tolstoi syn dea seach Tsjertkov ta op, en wie er redakteur fan it 'Folsleine wurk fan Tolstoi' yn it Russysk.

Vladimir Grigorjevitsj Tsjertkov stoar yn Moskou yn 1936 en is bedobbe op it Vedenski-begraafplak.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]