Viktor Janûkovitsj
Viktor Fedorowytsj Janûkovitsj (Oekraynsk: Віктор Федорович Янукович, sekuere transliteraasje: Viktor Fjedorovič Janukovič) (Jenakijive, 9 july 1950) is in Oekraynsk politikus en wie fan 25 febrewaris 2010 oant 22 febrewaris 2014 de presidint fan de Oekraïne. Tusken 2006 en 2007 wie hy premier fan de Oekraïne. Op 22 febrewaris 2014 spruts in mearderheid fan de Verchovna Rada, it Oekraynske parlemint, út dat Janûkovitsj net langer yn steat is syn grûnwetlike taken út te fieren en waarden earder presidintsferkiezings útskreaun foar 25 maaie 2014. Sûnt 24 febrewaris wurdt Janûkovitsj troch de oerheid fan de Oekraïne socht foar 'massamoard op freedsumme demonstranten'. Op 26 febrewaris liet de nije prokureur-generaal Oleg Machnitski witte dat der in ynternasjonaal oanhâldingsbefel foar Janûkovitsj útfeardige is.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Janûkovitsj waard yn it Donetsbekken berne yn in arbeidershûshâlding fan Wytrussyske ymmigranten. Hy is opbrocht troch syn beppe. Fanôf 1969 wurke hy as gasynstallateur yn in metaalfabryk en fanôf 1972 as elektrisiën by in pleatslik busbedriuw. Yn 1980 behelle hy it diploma reauboukunde oan it Polytechnysk Ynstitút fan Donetsk. Koart dêrnei waard hy lid fan de KPSU.
Syn politike karrière begûn yn augustus 1996, doe't hy beneamd waard ta wiernimmend foarsitter fan de administraasje fan de oblast Donetsk; yn maaie 1997 waard hy foarsitter. Yn 2001 studearre hy dêrnei ôf oan de Oekraynske Akademy foar Bûtenlânske Hannel as master yn it ynternasjonaal rjocht, en koart dêrnei krige hy de titels doktor en prefester. Op foardracht fan presidint Leonid Koetsjma folge hy op 21 novimber 2002 Anatolij Kinach op as premier fan de Oekraïne.
Offisjeel wie it earste regear-Janûkovitsj it earste wiere koälysjeregear, stipe troch in mearderheid fan de Verchovna Rada. Yn de praktyk wie de beneaming fan ministers doe noch benammen foarbehâlden oan de presidint. It regear ferlear har mearderheid yn de simmer fan 2004.
Janûkovitsj heart ta in politike streaming dy nauwe bannen ûnderhâldt mei it sakelibben. Syn oanhingers binne groepearre yn de saneamde "Partij fan de Regio's" (Партія; Регіонів), dy't de measte stipe kriget yn de East-Oekraïne. De politike aginda fan dizze groep bestiet út desintralisaasje, oerheidssubsydzjes foar de lijerige yndustry yn it gebiet, en in goed sosjaal fangnet. De lêste moannen foar de presidintsferkiezings hat it regear soad jild útlutsen foar sosjale foarsjennings en pensjoenen, itjinge troch kritisy beskôge wurdt as in gefaarlike, populistyske set dy't de ekonomyske groei yn gefaar bringt.
Ek stribje Janûkovitsj en syn partij nauwere bannen mei Ruslân nei en in offisjele status foar de Russyske taal. Yn de Súd- en East-Oekraïne, dêr't in heech persintaazje Russen wennet en dêr't sels de measte Oekraïners it Russysk as earste taal hawwe, bestiet dêrfoar in soad stipe. Wilens de twa jier fan syn premierskip is Janûkovitsj sa stadichoan in hieltyd mear anti-nasjonalistysk, anty-westersk en pro-Russysk wurden, wêrby't ek de Westoekraynske kriten mear belies jaan moasten.
Presidint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de twadde rûnde fan de ferkiezings yn 2010 behelle Janûkovitsj de measte stimmen. De stimming fûn plak op 7 febrewaris 2010. Janûkovitsj wûn de ferkiezings fan premier Jûlija Timosjenko. Op 25 febrewaris 2010 waard Viktor Janûkovitsj beëdige as presidint fan de Oekraïne. Yn syn taspraak sei hy dat it lân oan it begjin stie fan in nij tiidrek en kampt mei skulden, earmoed, korrupsje en in ynstoartende ekonomy. Op 22 febrewaris 2014 waard hy troch it Verchovna Rada ôfset as presidint fan de Oekraïne. Op 23 febrewaris 2014 waard Oleksandr Toertsjinov beneamd ta waarnimmend presidint fan de Oekraïne.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Viktor Yanukovych fan Wikimedia Commons. |
- Oekraynsk yngenieur
- Oekraynsk politikus
- Oekraynsk parlemintslid
- Oekraynsk provinsjaal gûverneur
- Premier fan de Oekraïne
- Presidint fan de Oekraïne
- Oekraynsk krimineel
- Persoan dy't socht wurdt foar moard
- Oekraynsk persoan fan Poalsk komôf
- Oekraynsk persoan fan Russysk komôf
- Oekraynsk persoan fan Wytrussysk komôf
- Persoan berne yn 1950