Václav Havel
Vaclav Havel, (Praach, 5 oktober 1936 - Hrádeček, 18 desimber 2011) wie in Tsjechysk skriuwer, toanielskriuwer en politikus.
Jonkheid (1936-1959)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Havel kaam út in begoedige húshâlding. Doe't de kommunisten yn 1948 oan de macht kamen, die bliken dat syn bourgeois-komôf in neidiel wie. Hy moast in soad muoite dwaan om him ynskriuwe te meien foar in goede hegere oplieding. Nei de middelbere skoalle yn 1951 waard er laboratoariumassistint. Wilens folge er jûnskursussen. Fan 1954-1956 studearre er in skoftke er oan de Technyske Universiteit, folge troch it foldwaan fan de militêre tsjinsplicht (1957-1959).
Fan syn fyftjinde ôf oan hie er niget oan poëzy, en krige er kunde oan de lettere Nobelpriiswinner Jaroslav Seifert.
Teäter (1959-1968)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1959 ôf wurke er yn ferskate teäters, ynearsten as toanieltechnikus, letter ek as toanielskriuwer. Wilens studearre er oan de Hegeskoalle foar Drama.
Yn 1963 wie de earste iepenbiere opfiering fan in toanielstik fan syn hân, Zahradní slavnost ('It Túnfeest'). It is in satire op de moderne burokrasy. Havel syn toanielstikken steane yn de tradysje fan it absurde teäter mei ynfloeden fan Franz Kafka. Yn 1964 troude er mei Olga Šplíchalová. Yn 1967 wie er klear mei syn stúdzje.
Havel skreau gereldwei foar tydskriften, en wie redakteur fan it literêre blêd Tvář.
Politike karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Havel wie ien fan de oprjochters fan Charta 77, dat it kommunistyske rezjym bestried yn Tsjechoslowakije. Nei de 'Flewielen Revolúsje', dat de fal fan it kommunisme in Tsjecho-Slowakije feroarsake yn 1989, wie er haad fan de brede, demokratyske partij Boargerforum (Občanské fórum). Hy waard yn 1989 de lêste presidint fan Tsjechoslowakije en yn 1993 de earste presidint fan de Tsjechyske Republyk - in funksje dy't hy beklaaide oant er yn 2003 ferfongen waard troch Vaclav Klaus.
Auteurskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Havel is earst en benammen toanielskriuwer, mar hy hat ek poëzij en essayistyske boeken skreaun. Krige syn trochbraak as toanielskriuwer yn 1963 mei it spul 'Túnfeest' (Zahradní slavnost). It waard folge troch 'Memorandum' (Vyrozumění) út 1965, ien fan syn ferneamdste stikken. In sintraal tema yn syn geskriften is de ferfrjemding fan it yndividu foar de omlizzende wrâld oer. Syn geskriften binne ek tige kritysk oer de totalitêre systemen lykas it kommunisme, wêrom't hy band waard út it teäter en ynstee dêrfan oan syn politike karriêre begûn.
Underskiedings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1986 - Erasmuspriis
- 1989 - Fredespriis fan de Dútske Boekhannels
- 1989 - Olof Palme-priis
- 1990 - International Four Freedoms Award
- 1990 - Ynternasjonale Simón Bolívar-priis (UNESCO)
- 1990 - Bilbao-priis foar de Befoardering fan in Kultuer fan Minskerjochten (UNESCO)
- 1995 - Geuzepeinje
- 1997 - J. William Fulbright Prize for International Understanding
- 2004 - Light of Truth Award
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Václav Havel fan Wikimedia Commons. |
- Tsjechysk dichter
- Tsjechysk toanielskriuwer
- Tsjechysk publisist
- Tsjechysk tydskriftredakteur
- Tsjechysk berneboekeskriuwer
- Tsjechysk minskerjochte-aktivist
- Tsjechysk polityk aktivist
- Dissidint yn Tsjechoslowakije
- Tsjechysk politikus
- Presidint fan Tsjechoslowakije
- Presidint fan Tsjechje
- Winner fan de Presidinsjele Frijheidsmedalje
- Boheemsk persoan
- Persoan berne yn 1936
- Persoan stoarn yn 2011