Utbuorren

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In útbuorren is in lyts wenplak. In útbuorren is einliks te grut om in buorskip neamd te wurden en te lyts om it in doarp te neamen. Utbuorren binne, yn tsjinstelling ta buorskippen, al offisjele plakken.

It tradysjonele ûnderskied tusken in buorskip en in útbuorren hâldt yn dat in buorskip gjin tsjerke hat en in útbuorren al. In oar ferskil út it ferline is dat buorskippen in namme ha dy't faak ôflaat is fan in wichtich gebou, dyk as barren, wylst útbuorren in eigen namme hawwe. Tsjintwurdich is dat ûnderskied net mear sa dúdlik.

Hjoed de dei wurdt ek nei de gruttens fan in plak sjoen. De term 'buert mei doarpsrjochten' betsjut dat der yn it ferline in tsjerke yn it buorskip stien hat, mar dat dizze net mear bestiet.