Springe nei ynhâld

Us-Leaffrouwetsjerke (Kopenhagen)

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Holmen

Holmens Kirke

Lokaasje
lân flagge fan Denemark Denemark
plak Kopenhagen
adres Nørregade 8
koördinaten 55° 40'N 12° 34'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Deenske Folkstsjerke
bisdom Kopenhagen
Arsjitektuer
arsjitekt Neoklassisisme
boujier 1817-1829
Webside
Hiemside domtsjerke
Kaart
Us-Leaffrouwetsjerke (Kopenhagen)
Us-Leaffrouwetsjerke

De Us-Leaffrouwetsjerke (Deensk: Vor Frue Kirke) is in yn klassisistyske styl boude tsjerke yn 'e Deenske haadstêd Kopenhagen. De tsjerke is in biskopstsjerke en stiet dêrom ek ûnder de namme Dom van Kopenhagen bekend. De hjoeddeiske tsjerke hat sûnt de midsiuwen meardere foargongers hân, dy't jimmeroan wer ferwoastge waarden.

De brân fan de tsjerke nei de Ingelske besjitting yn 1807.

Al yn de tiid fan biskop Absalon stie hjir in tsjerke dy't in stik lytser wie. Mei it tanimmende belang fan Kopenhagen wie der ek ferlet fan in gruttere tserke. Mei de bou hjirfan waard yn de jierren 1180 útein set. Dizze tsjerke waard fan kalkstien boud op it doedestiids heechste diel fan de stêd en kaam nei gedachten yn 1187 ree. De opfolger fan biskop Absalon, biskop Peder Suneses, wijde it godshûs oan de faam Marije. De twadde tsjerke baarnde lykwols yn 1314 ôf en waard ferfongen troch in gebou fan bakstien wêrfan't de bou oant 1388 duorre. Yn 1363 fûn hjir it houlik plak tusken Margaretha I mei de Noarske kening Haakon VI. Yn 'e iuwen dy't folgen soe de Leaffrouwetsjerke de kroaningstsjerke wêze fan de Deensk-Noarske keningen (1449, 1536, 1559, 1596, 1648).

Mei de Kryst yn 1530 bestoarmen in mannichte lju de tsjerke, dat men foar in bastion fan it katolisisme hold. In grut part fan it tsjerkebesit waard doe fernield. In pear jier letter waard it oant dan ta roomske gebou yn in lutherske tsjerke feroare. By de grutte stedsbrân fan Kopenhagen yn 1728 baarnde ek de Leaffrouwetsjerke finaal ôf. Yn tsien jier tiid waar de tjerke wer opboud, mar in lang libben wie foar de nije tsjerke net weilein. Yn de Napoleontyske oarloggen beskeaten de Britten Kopenhagen en hja brûkten de hege toer fan de tsjerke as oriïntaasjepunt. Yn 'e nacht fan 5 septimber 1807 rekke in foltreffer de toer, dy't al baarnende op it tsjerkeskip stoartte en sa de hiele tsjerke yn ljochte lôge sette.

De hjoeddeiske tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Byld fan de Segenjende Kristus.

Denemark siet nei de kriich op swart sied; jild foar de nijbou fan tsjerken wie der hast net en der wie boppedat in tekoart oan boumaterjaal. Nettsjinsteande dat naam men it beslút om foar it ûntwerp fan de nasjonale tsjerke fan Denemark de meast foaroansteande arsjitekt fan it lân, Christian Frederik Hansen, te freegjen. Der kaam gjin rekonstruksje fan it âlde gebou yn de tradisjonele foarmen, mar in folslein nij ûntwerp yn klassisistyske styl. Oan Bertel Thorvaldsen, in ynternasjonaal bekende byldhouwer, waard de opdracht jûn om de bylden foar de tsjerke te meitsjen. De Leaffrouwetsjerke wie de earste tsjerke dy 't nei de oarloch wer opboud waard. Yn 1817 lei kening Frederik VI de earste stien en mei Pinkster 1829 kaam de bou yn safier ree, dat it brûkt wurde koe foar tsjinsten.

Yn ferbân mei de opdieling fan it bisdom Seeland in 1924 krige de tsjerke doe har status as de dom van Kopenhagen werom.

It tsjerkegebou ûndergong yn de jierren 1977-1978 in grutte restauraasje. Hjirby waard it yn 'e rin fan de tiid ferboude oargel yn de oarspronklike steat werom brocht. Yn 1995 krige de tsjerke in folslein nij oargel en yn 2002 in koaroargel. Ek no is de katedraal noch altiten de tsjerke foar bysûndere plechtigheden. Op 14 maaie 2004 trouden hjir de kroanprins Frederik mei Mary Elizabeth Donaldson. Foar alles is de tsjerke noch altiten it hûs fan God en fanút dizze tsjerke wurden alle dagen op de steatsradio de moarnstsjinsten útstjoerd.

Krakteristyk foar it gebou binne de yndrukwekkende pylders en de strange ienfâld fan it 83 meter lange en 33 meter brede gebou. De toer hat in hichte fan 60 meter en is ôfsletten mei in piramidedak. De grutte stoarmklok weget 4 ton en is de grutste klok fan hiel Denemark. De lytste fan de fjouwer klokken yn 'e toer is ek de âldste; se waard yn 1490 getten.

Lofts en rjochts fan de haadyngong steane de bylden fan Mozes en David. Boppe it portaal binne de earste twa wurken fan Bertel Thorvaldsen te sjen: yn it tympaan de byldengroep 'Jehannes preket yn de woastyn' en boppe de doarren de 'Yntocht fan Kristus yn Jeruzalim'. Yn it 60 meter lange tsjerkeskip steane lâns de muorren de wite bylden fan de apostelen en oan it ein yn de apsis it grutte byld fan de 'Segenjende Kristus'. Yn 'e 19e iuw wie dit lêste byld wat nijs en it hearde al gau ta de meast nijmakke bylden fan Jeropa. Dizze keunstwurken waarden allegear troch Bertel Thorvaldsen makke, krekt lyk as it reliëf yn de bôge fan de apsis dat de 'Tocht fan Kristus nei Golgotha' foarstelt. It bysûndere doopfont fan in knibbeljende ingel mei de doopskaal is makke fan Italiaansk moarmer en wie in persoanlik kado fan de byldhouwer oan de tsjerke. Yn de sydskippen hingje in rige portretten fan geastliken dy't yn 'e tsjerke wurke ha.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Domtsjerke fan Kopenhagen fan Wikimedia Commons.