Untsliepeniskatedraal (Vladimir)
Untsliepeniskatedraal
Успенский собор | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Vladimir | |
plak | Vladimir | |
koördinaten | 56° 07' N 40° 24' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1158-1160 | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 331520368520006 | |
Webside | ||
Side katedraal | ||
Kaart | ||
De Katedraal fan de Untsliepenis fan de Mem Gods of Untsliepeniskatedraal (Russysk: Успенский собор; Собор Успения Пресвятой Богородицы) is in russysk-otterdokske katedraal yn 'e histoaryske stêd Vladimir, Ruslân. De "Untsliepenis fan de Mem Gods" yn 'e otterdoksy komt oerien mei de Marije-Himelfeart yn it katolisisme. Yn 'e katedraal waarden de foarsten fan it foarstedom Vladimir-Sûzdal en letter ek dy fan it Grutfoarstedom Moskou kroand. It 12e-iuwske gebou tsjinne as model foar in soad lettere tsjerken, wêrûnder Fioravanti's Untsliepeniskatedraal yn Moskou.
Njonken katedraal fan it bisdom Vladimir is it ek in ryksmuseum. De katedraal is ûnder de namme Wite Monuminten fan Vladimir en Sûzdal ynskreaun yn 'e list fan it wrâlderfskip fan UNESCO.
Earste bou 1158-1160
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De katedraal fan wite stien waard yn 'e jierren 1158-1160 ûnder grutfoarst Andrej Bogoljûbski boud. Al sûnt 1161 waard de katedraal mei fresko's beskildere. De oarspronklike katedraal wie in trijeskippich gebou mei trije apsissen, droegen troch seis pilaren. De wite stien, dy't by de bou brûkt waard, wie fan hege kwaliteit en better as de stien dy't by de lettere útwreiding ûnder grutfoarst Vsevolod III brûkt waard. Nettsjinsteande de seis relatyf smelle pylders fan 'e tsjerke eage it gebou hast kubusfoarmich (de lingte wie (sûnder de absissen) 22 meter, de breedte 17,5 meter en de hichte 21 meter). Wat de totale hichte oanbelanget (32,3 meter) koe de katedraal fan Vladimir meunsterje mei de Sofiakatedraal fan Kiëv en de Sofiakatedraal fan Novgorod.
De katedraal fan 1158-1160 waard dekorearre mei reliëfs mei soö-antropomorfe foarstellings. By de útwreiding fan 'e katedraal gyngen de measte reliëfs ferlern. De gevel waard fertikaal skieden troch pilasters mei Korintyske kapitelen en horizontaal troch twa nivo's fan friezen en arkades. Yn 'e midden binne foarstellings fan 'e "Trije Jongelingen yn it Fjoer" (Sadrach, Mesach en Abednego), de Himelfeart fan Aleksander III fan Masedoanje, de Fjirtich Martlers fan Sebaste, mar ek liuwen en maskers fan frjouljusgesichten. Yn 'e tsjerke binne twa kapitelen út 'e jierren 1158-1160 mei twa lizzende liuwen dekorearre.
De oarspronklike fresko's fan 'e katedraal binne allinne fragmintarysk bewarre bleaun.
It tal koepels fan 'e earste katedraal bleau lange tiid kontroversjeel. De tsjerkehistoarikus Jevgeny Golûbinski (1834-1912) hold it op in fiifkoepelige tsjerke, Nikolaj Voronin (1904-1967) dêrfoar oer gyng fan ien koepel úit. De útkomsten fan it ûndersyk fan Tajana Timoveva en Sergej Zagrajevski út it begjin fan 'e jierren 2000 folget lykwols de hypotese fan Golûbinski fan in katedraal mei ien koepel.
Weropbou fan 1186-1189
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de brân yn 1185 wreide grutfoarst Vsevolod III de katedraal foars út mei twa beuken. Ek it alter waard fergrutte. De no fiifskippige tsjerke mei in breedte fan 30,8 meter en in lingte (eksklusyf de apsissen) fan 30 meter like fan binnen net allinne grutter, mar eage echt as in hiel nij gebou.
De bûtenste stiennen waarden fersierd mei bas-reliëfs, guon dêrfan noch fan 'e katedraal fan Andrej Bogoljûbski en oaren út 'e tiid fan 'e útwreiding troch Vsevolod III.
It fresko fan Abraham yn 'e súdwestlike hoeke fan it âlde diel fan it gebou, mar ek de profeten op 'e pilaren binne fresko's út 1189.
Yn 'e muorren fan 'e galerijen, yn 'e wulve nissen, fûnen fertsjintwurdigers fan it foarstelik hûs fan Vladimir en biskoppen harren lêste rêstplak. Yn 'e noardlike beuk waarden de bouwers fan 'e katedraal byset: Andrej Bogoljûbski en syn broer Vsevolod.
Fierdere skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't it leger fan Batû Khan Vladimir yn 1238 ferovere, waarden prinses Agafia Vsevolodovna (1195—1238) mei har dochter en skoandochter tegearre mei de biskop fan Vladimir opsletten yn 'e katedraal. De Mongoalen stieken dêrnei de katedraal yn 'e brân en alle minsken dy't der yn sieten kamen om yn it fjoer. Agafia Vsevolodovna en de hiele gruthartochlike famylje waarden letter troch de Russysk-Otterdokse Tsjerke hillich ferklearre as de martlers fan Vladimir.
Fan 'e oarspronklike fresko's fan 'e katedraal bleaune allinne fragminten bewarre. Oan it begjin fan 'e 15e iuw waarden Andrej Rûblev en Daniil Tsjorny útnoege om 'e tsjerke fan nije fresko's te foarsjen. Fan harren wurk binne it Lêste Oardiel bewarre, dy't it hiele westlike diel fan 'e katedraal yn beslach nimt, en fragminten yn it alterdiel. De measte fresko's yn 'e katedraal dataearje út 'e 19e iuw.
Yn 'e twadde helte fan 'e 18e iuw wie der in grutte renovaasje. Doe't Katarina II yn 1767 Vladimir besocht, joech hja opdracht om de katedraal yn 'e âlde gloarje werom te bringen en skonk foar dat doel 14.000 rûbel. De renovaasje waard útfierd neffens de moade fan dy tiid. De grutste feroaring wie in nije ikonostaze yn barokke styl. Ek waarden finsters fergrutte, foarse steunbearen tafoege en de dakken feroare.
As klokketoer fan 'e katedraal tsjinne in gebou dat oarspronklik as poarte boud wie. It wie in lytsere fariant fan 'e Gouden Poarte. De klokketoer waard yn 'e 17e iuw ferhege mei in tintefoarmige spits. De toer bestie oant 1806, doe't er troch de bliksem rekke waard en yn opdracht fan it bisdom ôfbrutsen waard. Yn 1810 waard in nije klokketoer boud en yn 1862 waard de klokketoer ferbûn mei de tsjerke troch de bou fan in kapel neffens in ûntwerp fan Nikolaj Artleben.
Tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw waard foar it earst in wittenskiplike restauraasje útfierd. Yn 'e jierren 1882-1884 waard der oan it ynterieur wurke en doe waarden de fresko's fan Rûblev ûntdutsen. Fan 1885 oant 1891 wiene der rekonstruksjes oan it eksterieur. De grutte steunbearen op 'e hoeken waarden wer ferwidere; de finsters werom brocht yn 'e oarspronklike steat en de sipelfoarmige koepels ferfongen troch de helmfoarmige koepels.
Meardere restauraasje folgen yn 'e 20e iuw. De grutste restauraasje wie ein fan 'e jierren 1970 en it begjin fan 'e jierren 1980. De wite muorren en de fergulde koepels waarden belein mei in spesjaal ûntwikkelde beskermingslaach. De kleurrike fresko's fan it ynterieur krigen beskerming troch in systeem dat it klimaat- en de fochtichheid op 'e plakken regelet.
Hjoeddeiske sitewaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Untsliepeniskatedraal stiet op 'e list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO ûnder de namme Wite Monuminten fan Vladimir en Sûzdal.
De katedraal wurdt beheard troch de Russysk-Otterdokske Tsjerke en it Iepenloftmuseum fan Vladimir-Sûzdal. Der wurde regelmjittich tsjinsten holden; op oare tiden is it gebou iepen as museum.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Успенский собор (Владимир)
|